Hotel Atlantico

In moaie jûn oan de Portugese kust. Fjouwer freonen komme alle jieren by inoar yn Hotel Atlantico om harren freonskip, harren sukses te fieren. Mar dit jier is alles oars. In ûnbetroubere wurkster, in ridderoarder, in ôfwizing, jaloerskens en de dea goaie roet yn it iten. It oars sa ûnbesoarge laitsjen kriget in bange echo, de wyn in wanhopige ôfdronk. Hoefolle stoarm kin in freonskip ferdrage?

Oan ‘e ein fan de asperzjetiid

Kittiy, Annie en Francien binne suskes. Annie hat mei har dochter Sophie in kapsalon.

Oant jongste suster Francien beslút de stêd te ferlitten en har suskes op te sykjen, liket der neat oan ‘e hân yn it rêstige doarp wêr’t de oaren wenje. In, foar it each, perfekt houlik foar Kitty, in op ‘e klippen rûn houlik foar Annie en hielendal gjin houlik foar Francien. Wylst de lêste asperzjes út de grûn helle wurde, makket âld sear romte foar nije pine.

Susters, memmen, dochters: famyljebannen dy’t net fuort te poetsen binne. Al besiket elk syn gong te gean, hjoed of moarn komme se elkoar wer tsjin. En as dit bart oan de ein fan de asperzjetiid kinne we fan ien ding wis wêze: de asperzjebêden binne net de iennichste dy’t leech binne.

De potfisk

“De Potfisk” is in komeedzje en giet oer twa susters, Mia en Roas en harren mem, Ingrid Visser. De beide susters binne tige ferskillend fan aard. Fierders is der noch in freon, Walter v d Werff, dy’t alderhande karweikes foar Ingrid docht. Hy is noch in âld skoalfreon fan Mia en Roas. As Roas thús komt út Bangkok, omdat heit ferstoan is, lit Mia har witte dat mem begjint te demintearjen en dat it sa net langer mear kin. Nei heit syn kremaasje, wit mem net wêr’t heit útstruit wurde moat. Se wienen trout, dat wol, mar dêr wie ek alles mei sein. Mem wol fuort, oare omjouwing, se wol reizgje. Se giet nei Bangkok, nei Roas en nimt de urn mei. As mem yn Bangkok in oaljefant keapje wol en letter in oanspielde potfisk wer werom de see yntriuwe wol, begripe de beide susters dat it nei alle gedachten net goed komt mei mem.