Oanstutsen
Der wurde opnamen makke foar in itensiedersprogramma foar de televyzje. Marcel Grevink is foar dizze ôflevering keazen, hy is tige sekuer en effisjint. Hy moat Carla Drooghout, ferneamd skriuwster fan itensiedersboeken, assistearje. It is de tweintichste jierdei fan har boek. Mar Carla hat neat mear mei itensieren, en wol eins net meiwurkje. Mar Marcel kriget har dochs safier.