Peer Gynt

Peer Gynt is it ferhaal fan de doarpsjonge, dy’t bekend stiet as in fantast, dy’t ek noch graach lige mei. Op de brulloft fan syn freon Mads Moen wiist de moaie Solveigh him ôf as er freget oft sy mei him dûnsje wol. Ut frustraasje en stomdronken skaakt er de jonge breid Ingrid en giet mei har de bosken yn. Peer ferlit har algau wer, omdat hy Solveigh net ferjitte kin. Fanwege dizze ûntfiering wurdt er ferballe út it doarp en begjint te swalkjen. Hy libbet leaver yn in fantasijwrâld as dat er de ferantwurdlikheid foar it libben oan gean wol. Solveigh komt wer yn syn libben, mar foardat sy tegearre it gelok fine, wurdt Peer konfrontearre mei syn ferline. Hy giet wer op ‘e flecht op ‘e siik nei rykdom en macht, der’t er altyd fan dreamde. Dizze syktocht bringt him nei fiere lannen. At er ald is fynt er einliks wer’t er al sa lang om socht.

John Gabriel Borkman

Bankdirekteur Borkman, dreaun troch jildsoargen en heechmoed, begie earder in finansjeel misdriuw en moast hjir 8 jier foar sitte. Soan Erhart wurdt grutbrocht troch de twillingsuster fan de frou fan Borkman, Ella. Omdat sy jild hat kin sy der foar soargje dat de famylje yn it hûs wenjen bliuwe kin. As Borkman wer thús is wennet er 8 jier op de boppeferdjipping en komt de doar net út.
Hy tinkt noch altyd dat er syn slach slaan sil. Hy hat syn les dus noch net leard en offeret úteinlik syn hiele famylje op foar jild en macht.
Yn de foarm fan in famyljedrama levert Ibsen hjir ek skerpe sosjale krityk.

Nora (of ‘It Poppehûs’)

Op de middei foar Krysttyd komt Nora thús nei’t hja oerdiedige Krystynkeapen dien hat. Har man Helmer is nei in tal drege jierren krekt beneamd as bankdirekteur. Hy ferwyt syn ‘wyfke’ tefolle mei it jild te smiten, mar Nora hat dêr gjin muoite mei. As har skoalfreondinne Christine nei in tal jierren op besite komt mei it fersyk om har te helpen oan in baantsje, blykt net alles sjerp en húnich te wêzen: doe’t Helmer it jier dêrfoar fanwegen in slimme sykte in jier nei it súden moast, hat Nora dat jild witten te lienen troch in hantekening fan har heit te ferfalskjen.
Krogstad, de man fan wa’t hja dit jild liend hat, wurket foar deselde bank dêr’t Helmer directeur fan wurden in. Fanwegen malversaasjes yn it ferline is hy fan doel om de man dien te jaan en ynstee dêrfan Christine oan te stellen. Krogstad trúnet der no by Nora op oan om by har man te pleitsjen foar syn baan, sjoen syn dochs al skeinde reputaasje. Stadichoan kriget Nora yn’e rekken hokker skea de falske hantekening betsjutte kinne soe, foaral by Helmer, dy’t him altiten sa foarstean lit as in man sûnder wryt of slyt. Nora har pleit foar Krogstad hat op Helmer in folslein ferkearde útwurking: syn beslút om de man dien te jaan stiet no fêst. Hja besiket om rie te freegjen by de freon yn it hûs, dr. Rank, mar as dizze, belêste mei in deadlike sykte, in ferhoalen leafdesferklearring docht, kriget Nora net mear de gelegenheid. As Krogstad nei it berjocht fan syn oansteande ûntslachbrief driget om alles oer de liening en de falske hantekening oan ’t ljocht te bringen, is Nora der skjin mei oan. Tsjin Christina seit hja dat hja der op tidiget dat har man har dizze flater ferjaan sil, om’t hja it úteinlik foar him dien hat.
Christine, dy’t yn’e tiid fan de misstap fan Krogstad in heale relaasje mei Krogstad hie, trúne der no by him op oan om fan syn foarnimmen ôf te sjen.
Ear’t dat bart komt it stik ta in hichtepunt. Op twadde Krystdei dûnset Nora op in feestje de Tarantela. Hja is de keninginne fan it bal en Helmer is op ien ein troch har. Nora wit dat de hiele tiid de brief fan Krogstad yn ‘e bus leit, mar no kin hja har man net mear keare om him te iepenjen. In floed fan ferwiten is it risseltaat. Hja hat syn karriêre ferneatige en is moreel net by steat om syn bern grut te bringen. As in skoftsje letter in twadde brief fan Krogstad oankomt, mei de belofte om fan it iepenbier meitsjen ôf te sjen, slacht de hâlding fan Helmer hielendal om. “Ik bin rêden”, ropt hy.
Mar no falle by Nora de skellen fan ‘e eagen. Yn in earnstich petear tusken it troude pear komt hja ta de konklúzje dat hja yn al dy jierren fan harren houlik net mear as syn ‘poppewyfke’ yn syn ‘poppehûs’ west is.
Alles wat hja wie, wie syn frou, mar wa wie hja sels? Hja beslút om har man, har hûs en har bern fuortdaliks te ferlitten. Mei in klap slacht de doar efter har ticht.
Kommintaar:
Ien fan de top-drama’s út it ‘realisme’, dêr’t it publyk om samar te sizzen troch besjochdoaze de famyljeswierrichheden besjocht.
Fanwegen de tematyk fan de rol, fan de frou yn it (boargerlik) houlik en foaral fanwegen it ein, sloech it stik oeral yn Europa yn as in bom. Hoewol’t de skildering fan it boargerlik milieu, mei de noarmen en wearden dy’t dêryn gouwen, fansels tige bûn is oan tiid, is de
benearing dêr’t Nora yn rekket noch hiel goed te fielen.
Dy wearden hawwe net allinne te meitsjen mei de ûndergeskiktheid fan de frou yn it houlik, mar ek mei de maatskiplike status, weryn reputaasje wichtiger is as yntegriteit.
Foaral yn de egosintryske reaksje fan Elmer op it iepenbier meitsjen fan de falske hantekening, komt dat nei foaren.
It stik sit tige knap yn elkoar. Stapke foar stapke wurdt Nora, dy’t har sa lokkich waant, yn in net betizet en krekt as alles útkomt, realisearret hja har mei in klap, dat der folle mear op it spul stie dan in mooglik skandaal. Alle sênes wurkje oan op dy einsêne.
Hoewol’t hja op harrensels ek stik foar stik juwieltsjes binne.
Elts detail hat by Ibsen in funksje. Eltse personaazje is in folslein minske, mei positive en negative kanten. Nettsjinsteande it feit dat it fan in oare tiid is, is ‘Nora’ noch hieltiten de muoite wurdich om spile en sjoen te wurden.

HB

Lytse Eyolf

Alfred Almers hat in pear wike yn ‘e berge omswalke. Nei lang neitinken hat er besluten om syn boek dat hy oan it skriuwen wie oer de ‘minslike ferantwurdlikheid’ net ôf te meitsjen. Hy wol syn ferantwurdlikheid tenei “troch fiere yn syn libben” troch him alhiel te wijen oan syn ynvalide soantsje Eyolf, sadat dy nettsjinsteande syn beheiningen him ûntjaan kin ta in lokkich minske. Thús kommen fan syn reis bepraat hy dit mei Rita, syn frou en mei syn healsuster Asta.
Wylst komt it jonkje om. De âlden binnen alhiel ferslein. Fan fertriet, mar ek troch skuldgefoelens. Dat jildt benammen foar Rita, dy’t it bestean fan Eyolf somtiden ûndergie as in obstakel yn har relaasje mei Alfred. Wie de handikap fan it jonkje ek al net oan harren, syn âlden, te witen?
Wroege en wrok bliuwt harren oer. Beiden steane yn har fretriet alline. Ek Asta, mei wa’t Alfred yn syn jonge jierren sa’n bysûndere bân hie, kin harren net helpe. Uteinlik tinke se in mooglikheid fûn te hawwen dy’t wer doel oan harren libben jaan kin.
[tekst oernommen mei tastimming fan Tryater]
Kommintaar:
Dit stik is wat minder as ‘Nora’ (sjoch de beskriuwing fan dit stik) en oare fan de saneamde ‘probleemstikken’ fan de ferneamde Noor Ibsen in krityk op de boargelike maatskippy. Wol giet it ek wer oer persoanlike ferantwurdlikens en skuldgefoelens. In prachtig skreaun stik, mei in tematik dy’t, tink ik, noch hieltiid oansprekken kin.

HB