Begroetingen

Trije hearen op it toaniel begroetsje inoar. ‘Goed mei jo?’ Se werhelje de fraach oan ien tried wei en jouwe hieltyd oare, absurde wurdsjes as andert: ‘Mankelyk’, ‘Matinaal’, ‘Agnostysk’ Amfibysk’, ensfh.
Oant (sabeare) taskôgers út it publyk op it lêst ek kommentaar jaan en der sels oan meidwaan. It wurdt in soarte fan spultsje yn it opneamen fan idioate rychjes. De trije hearren nimmen it op it lêst wer oer en werhelje as robotten de fraach ‘En mei jo? En mei jo?’
Op dwylsinnige wize boartet Ionesco sa mei it ritueel fan de begroeting en hellet it sa út inoar dat der neat fan oerbliuwt.

De keale sjongster

Menear Smith en mefrou Smith sitte yn harren wenkeamer yn in bûtenwyk fan Londen. Se hawwe it iten op, hy lêst de krante. Dat en noch folle mear oerstallige meidielings hearre wy fan mefrou Smith. Underwilens slacht de pendule, dan wer ris trije, dan wer tretjin kear.
Ek yn it petear tusken menear en mefrou Smith wurde foarearst dingen sein, dy’t se sels al witte, of dy’t folslein absurd binne. Lykas it petear oer Bobby Watson en syn famylje, dy’t ek allegear Bobby Watson blike te hjitten. De konversaasje is hjir dus suvere foarm, bûtenkant. As in oar echtpear op besite komt, wurdt it noch frjemder. It duorret sawat tsien minuten foar de twa der efter komme dat se op deselde tiid yn deselde trein sitten hawwe, yn de selde strjitte wenje, ensfh. – en dus: man en frou fan inoar binne…
Mei de komst fan in brânmaster op syk nei brân, wurdt it noch hilarysker. Op it lêst kraait elkenien der allinich noch in ritmyske wurdenbrij út, lykas wiene it konversaasjemasines dy’t op hol slein binne.

De koaning en al it oare

De jonge koaninginne Marie snikt en snotteret om it freeslike ûnheil dat har man de koaning te wachtsjen stiet. De âldere koaninginne Margarita warskôget har om flink te wêzen. De koaning hat dus twa froulju. Sa binne der wol mear saken dy’t op it earste each wat frjemd oerkomme. De âlde paleiswacht Jules klaget dat neat it mear docht yn it Paleis en ek net yn it ryk (de grinzen krimpe hieltiten mear yn!) en mei it waar wurdt it ek hieltiten minder.
Dy folsleien efterútgong hat alles te krijen mei de tastân fan de koaning. De koaning sil stjerre, mar hy wol it – krekt as Marie – eins net witte. Koaninginne Marie, dy’t strang as in mem is, besiket om him de werklikheid ûnder eagen sjen te litten: oan elts libben komt in ein, ek oan dat fan in koaning. Stadich mar wis nimt de protesthâlding fan de koaning ôf en docht hy, letterlik, ôfstân fan alles wat him noch oan it libben bynt.
Kommintaar:
Roel Adam hat in prachtige bewurking fan Ionesco’s absurdistyke swarte komeedzje makke, dy’t yn it foarste plak ornearre is foar bern (fanôf in jier as acht), mar dat ek in soad âlderen yn it moed taaste sil. It stik giet oer de dea en it ôfskied dêr’t elk minske op in stuit yn it libben foar stiet.
Dy swiere tematyk is ferpakt yn de prachtige metafoar fan it krimpende keninkryk en in o sa (lyts)minsklike koaning, yn in taal dy’t sawol komysk as poëtysk is.

HB

De les

In âlde professor jout priveelessen oan studintes. Op in dei komt der in nijsgjirrige, mar in wat domme studinte by him. Hy jout har les yn optellen, geografie en taal.
Neigeraden dat de les foarderet, rekket de professor hieltyd mear fol fjoer en wurdt agressiver en de studinte wurdt hieltyd minder drok en earmhertiger. De professor draait yn syn útlis oer taal hielendal troch en stekt de studinte dea. De faam fan de professor komt deryn en jout de professor in reprimande. It docht bliken dat it de fjirtichste studinte is dy’t hy fermoarde hat. Op dat stuit giet de doarbel en stiet de folgjende studinte klear foar har priveeles.
Kommintaar:
De les giet oer taal, oer komminukaasjeproblemen en oer it maatskiplik isolearre fan de professor. Yn earste ynstânsje liket oer neat te gean en is it gehiel tige komysk, mar, ’tusken de rigels’ is it sa’t Ionesci sei: “In komysk drama; it is in grappich, mar tagelyk in grimmitich en pessimistysk drama”.

DS