Mem har kreaste

Jeltsje is in sljuchtweihinne doarpsfamke, mar har kreazens slacht har mem sa nei de holle, dat se har oerhelje lit en lit har ynskriuwe om mei te tingjen nei de titel fan Miss Holland. Op in jûn, as heit him reemakket om nei de herberch te gean foar it grimearjen fan de toanielploech, en Sjirk, Jeltsje har feint, har ophelje sil foar de útfiering, meitsje mem en dochter har opwachting foar ‘minhear van Dungen’, dy’t tynge dien hat fan syn kommen fanwege de ‘foar-seleksje’.
De man wurdt fan mem en dochter wakker let en set en de befinings fan syn ‘keuring’ stekt er alhiel net ûnder stuollen en banken: in goed wurdsje fan syn kant, ornearret er, sil by de ein-jury grif omraken fertuten dwaan en hy hat wol safolle fidúsje yn Jeltsje har kâns dat er ree is om de kranten op ‘e foarhân al yn te skeakeljen.
Mar… soks moat fansels in pear sinten kostje….

Reisburo “Exodus”

By it reisburo “Exodus” (= ‘úttocht’) giet heel wat om: Parys, Switserlân, Itaalje, it Swarte Wâld, men hat it mar foar ’t sizzen wêr’t men hinne wol. De foarljochting en de ‘service’ falt ek neat oars as goeds fan te sizzen. Mar dat bringt mei dat de helpen fan it kantoar wolris wat ryklik folle oan ‘e weet komme fan de persoanlike ‘status’ fan ‘e klanten. En dat jout har wol ris in kâns op in romantysk aventoerke.
Mar as twa klerken tagelyk op sa’n selde aventoerke gobberje en elkoar yn ‘e tsjillen ride om it lêste plakje yn ‘e reisbus neist ien en ’t selde frommeske, dan kin it raar beteare, en foaral as der by eintsjebeslút noch in treddenien – de wiere Moazes – him oantsjinnet, dan…. ja dan…

Hannel is hannel

Jisse Snider is in poerbêste fakman, dat moat sein wurde, mar yn it sakedwaan is er net al te goed te fertrouwen. Dat wittende, besiket Linkema, in garaazjehâlder út it doarp, him foar de kroade te riden mei it betingst dat de lêste 50 gûne foar it pak dat er him by baas Snider oanmjitte litten hat, allinne betelle wurde sil ‘as der neat oan mankearret’. Doeke, de soan, sjocht it swurk driuwen: hy lit Auk, syn suster, in mouwe fan it pak ôftoarne as it klear is en besoarget it, kreas yn in doaze pakt, by Linkema, dy’t ‘flot’ 300 gûne betellet sa’t ôfpraat wie.
Dat beteart mâl fansels, mar… losse mouwen jilde 50 gûne it stik (sjuch etalaazje!) en dus…
Noch altyd in floatich stikje.