P.R.
It tema wêr’t it hiele stik om draait is, sa’t de titel al seit: “Partnerruil” De skriuwer hat besocht om foaral ek it wêrom te beskriuwen, wêrom twa minsken der ta komme om har seksuele heil earne oars te sykjen. It blykt dat it net allinnich de seksuele leechte is dy’t ûntstien is, mar de haadreden is mear it ûntbrekken fan begryp en wurdearjen.
It stik begjint mei in petear tusken Ans en Mark dy’t wachtsje op de earste moeting, mei in pear, dat réagearre hat op in advertinsje dy’t Ans opsteld hat. Fuort yn dit petear wurdt dúdlik hoe earmoedich de ferhâlding tusken de twa is. Ek yn ‘e moeting tusken de fjouwer minsken komt goed nei foaren wat de motiven fan ‘e ûnderskate partners binne. Nei ’t de ôfspraak makke is om fan partners te wikseljen en it tiidstip fêststeld is, komme der hiel oare dingen om ‘e hoeke. Binne it by de iene twifelriedigens en ûnwissichheid, by de oare sjogge wy egoïsme en minachtsjen foar it ljocht kommen.
Ek giet de skriuwer net foarby oan jaloerskens en erchtinkendheid, soarchsumens en…. leafde! Dat de beide “rendez-vous” gjin grutte suksessen binne lit him riede. Alteast net op it seksuele mêd. Wol komme de fjouwer har eigen spegel tsjin en dat smyt hjir en dêr dochs wol positive dingen op.