De petbril
Yn Brillelân giet it der om wa’t de moaiste en de bêste bril hat. Yn Pettelân ha de minsken de measte noed mei wat se it bêste op’e holle ha kinne. As de Brillelanners en Pettelanners inoar moetsje jout dat earst oanlieding ta gekoanstekkerij, argewaasje en misbegryp. Oan’e ein komt lykwols alles wer goed.