Kening Optomus de 13e hat hiel wat te stellen mei syn ûntankbere bern, dy’t him ferwite dat’t oan it hôf mar in deade boel is; mar mear noch mei syn tsjinners en tsjinsters. Twa fan harren, Minister Prulledyk en Minister Loederman, yn’t geheim drok dwaande om de skatkiste fan it Ryk te plonderjen, ferget er der op dat se ris in plan betinke moatte dat fiks wat spanning en sensaasje yn’t keninklik paleis teweech bringe kin. Benaud foar it útlekken fan harren komplot, witte se lever “neat betinke te kinnen”. Sadwaande lit de kening in proklamaasje oan’e bewenners fan syn Ryk útgean, dêr’t er in rynske beleanning yn taseit foar wa’t in bysûndere útfining docht. Op’e “dei fan de útfiners” wurde him de wonderlikste fynsten oanbean. Mar ien dêrfan spant de kroan: in man mei in masker op ( Master X neamt er him ynearsten) wit, nei’t er seit, mei in geheimsinnich kistke de betrouberens fan de hôflju te hifkjen. De kening hat fan sa’n
útfining alhielendal gjin ferlet seit er, mar och, as de man it wol, dan mei er de proef wol op’e som nimme. Dan sakje de “ûnskuldige” ministers op in fernuftige manear troch de koer en de konsternaasje dy’t folget wurdt noch grutter as de ” útfiner” syn masker ôfleit en Rintmaster Ehrenstein blykt te wêzen, de man dy’t oant no ta by de Kening kwalik yn tel wie en it yn oansjen fier ôflizze moatten hie tsjin de ministers.