Wetter

De Libbensgeaster polder sil ûnder wetter. Fryslân ommers sit ekonomysk yn’e nederklits en sil in rekreative ynjeksje ha. B. en W. en de Libbensgeasters binne wakkere bliid mei de grutte meiwurking út Den Haach wei. It sil no heve yn harren doarp dat tsjin de polder oan leit. Mar yn’e polder wenje Hindrik en Jelle Jagersma, twa bruorren dy’t dêr tige nei’t sin wenje en op harren eigen wize buorkje: sy ha gjin ferlet fan wetter.
Men kin fan tinken wol ha dat soks betizing jout, net allinne B. en W., mar ek topamtners út Den Haach bemuoie harren der mei. Der leit in wrâld fan ferskil fan tinken en fan belangen, mar Jeannet wit in brêge te slaan.

Wat in heide, heite!

Jongelju ha ynskreaun op in frijwilligerskamp op ien fan ús lêste heidegebieten: de heide is yn ferfal en moat opskjinne wurde. Hjir op’e heide is it moetingsplak dêr’t wy mei harren yn’e kunde komme. It giet derom hoe’t in ferskaat oan jonge minsken funksjonearret yn sa’n fakânsjeploech. Yn 13 sênes komt dit op boartlike wize yn syn earnst en humor oan’e oarder.
Dit stik is ûntstien op basis fan in tal ymprovisaasje-opdrachten oan de jongereinploech fan de Fryske Krite Bûtenpost.
It is in gehiel, mar mei in lytse oanpassing kinne guon sênes ek wol apart spile wurde.
In oanrieder.

In grinttegel yn’e disko

It tema fan dit stik, dat him ôfspilet yn in disko-achtige romte, is: feroverje en ferovere wurde. It is de striid fan de seksegroepen tsjin- en ûnder mekoar. Yn dizze striid wurdt in ferskaat oan striidwizen hantearre. En alle wiken op’e nij wurdt dy striid oangien…

In omstipper

Yn de famylje de Vries nimt Sjoerd, de haadfiguer in wat apart plak yn. De oaren sizze dat er in omstipper is, ien dy’t net wit wat er wol. Hy hat de skoalle net ôfmakke, hy siket gjin wurk, hy bringt in soad tiid troch yn’t fjild. Yn’e húshâlding is men soks net wend en hy wurdt troch de oaren omraak op’e hûd sitten.
It leafst sûndert Sjoerd him ôf en dat docht er sa faak as er it rêde kin. Dan kin er him oerjaan oan syn eigen fantasywrâld. Dêr hat er in wûnderlike moeting mei in apart figuer en dat hat ta gefolch dat er feroaring bringt yn syn situaasje.