Klean, moard en oranjekoeke

De moarns fan de 25ste april 2013 wurdt yn in pashokje fan de lúkse
kleanwinkel Pecheur en partner moadekening Antoine de la Corridor mei
in mes yn ’e rêch fûn. De la Corridor waard al in wike fermist. De fraach
is of syn ferdwining en ûnfortúnlike weromkear te meitsjen hat mei syn
koartlyn ferskynde boek, of dat de foarke hiel oars yn ’e stôk sit. De
eigner fan Pecheur, Lodewijk Pecheur / Leo Visser en partner sitte der
wol mei want krekt op dizze dei komt de Keninklike famylje del om
klean te keapjen foar de oankommende troanswikseling op 30 april. Der
sit neat oars op, om tegearre mei de twa froulju dy’t yn syn winkel
wurkje, moadekening De la Corridor te ferbergjen, mar dit falt noch net
ta…
Klean, moard en oranjekoeke is in komyske skriller wêryn’t neat is wat it
liket, personaazjes fol ferburgen aginda’s omrinne en dan doch wer wat
oars…

In gearrin fan omstannichheden

Nei in fertocht telefoantsje, opmurken troch de húsfeint, mar seker nei in sms-ke, wêryn’t Guus Heerschop in geheime ôfspraak makket mei in ûnbekende frou, liket it derop dat Heerschop in bûtenechtlike ferhâlding hat. En dat krekt op it momint dat de tariedings foar it 25-jierrich houliksfeest fan Guus en Annemie yn folle gong binne.
Tegearre mei de húsfeint Stefan, har suster Carla en Tom, de man fan Carla en de buorlju, betinkt Annemie in trúk om Guus jaloersk te meitsjen en him sa hooplik wer werom te krijen. It pakt allinnich allegearre krekt wat oars út. It ferhaal spilet yn de simmer en it is behoarlik waarm.