August August, August

August wol yn it sirkus Lipizaner hynders dressearje. Dit mei lykwols allinne de direkteur dwaan. Dus August moat direkteur wurde. Om dit te foar elkoar te krijen, besiket er om oan alle easken te foldwaan. Uteinlik moat de direkteur syn winsk ferfolje. Se stjoere him lykwols tigers yn pleats fan Lipizaner hynders. August wurdt mei syn frou en bern ferskuord troch de tigers.
Dit Tsjechyske stik krige yn it ljocht fan de foarfallen yn 1968 in ekstra betsjutting: It stribjen fan de minsken nei in ideaal en de ferwoasting derfan troch de machthawwers.

Oarloch op trije heech

Dr. Emil Blaha en syn frou Mischa lizze lekker te sliepen at der ynienen op de sliepkeamersdoar kloppe wurdt, it is de post mei in opkomstbefel: Hy moat him melde! It blykt dat der ien ûnderweis is (in sekere Müller) om syn hûs te besetten, him om te bringen en syn frou tenei te kommen, mei oare wurden: fan Dr. Emil Blaha wurdt ferwachte dat er him ferdigenet. Der wurdt him in gewear útrikt, de
noadige hângranaten ensafuorthinne. Mar Blaha wol net fjochtsje, hy wol sliepe, it is op’t lêst midden yn de nacht. Hy ferliest dan ek de slach fan Müller, dizze beset syn hûs wol mar is op it ein net mear bysteat om syn frou tenei te kommen.
Kommintaar:
Dit stik is troch it BFT al ris brûkt foar it presintaasje-toaniel. It is geskikt om mei sawol in lytse as in grutte besetting spile te wurden. Ek wat it dekor en de technyk oangeane is der wol it ien en oar út te heljen. Mei oare wurden: Wurdig om it ris op de wurklist te setten.

GD

Pech

In jonge skilder, dy’t wennet en wurket yn in souder-atelier, stjit op in man fan de geheime plysje, dy’t him ferstoppet yn in kast. De autoriteiten fertinke de skilder fan moard en it dwaan fan noch oare misdieden yn ‘e takomst. De fertochte ferdigenet himsels heftich, mar sûnder súkses. Hy hjit net foar neat Pech. As hy sjocht dat ek syn freondinne de beskuldigings begjint te leauwen sjit hy de geheime plysje dea. Dêrmei hat it rezjym de moardner krigen dy’t it nedich hat om it optreden fan de oerheid te legitimearjen. De oerheid bewiist dus syn besteansrjocht troch misdieden ‘oan te pakken’ dy’t sels útlokke hat.

Kommintaar:
Wrange kommeedzje dy’t inte is op de ûnderdrukkende situaasje yn de Eastbloklannen, foar it fallen fan de Berlynske Muorre yn 1989.
De Tsjech Pavel Kohout wie (mei de hjoeddeiske presidint en skriuwer Vaclav Hável) ien fan de meast promininte figueren yn de perioade fan de Praachske Maitiid, ein sechtiger jierren. Doe’t dy delslein waard, waarden Kohout, Hável en safolle oaren oer de mûle slein. Kohout sels kaam in tal jierren letter syn eigen lân net mear yn nei in reis nei it bûtenlân.
Syn stikken binne humoristysk, skerp en tige ûnderhâldend. It probleem is allinne dat de stikken spylje yn in situaasje dy’t net uzes is en dat de krityk dy’t yn de stikken besletten leit, foar ús dan ek wol hiel maklik is. Wa’t foar dit probleem in ynteressante oplossing wit te betinken hat hjir in moai stik yn hannen, dat ek troch amateurs goed te spyljen is.

HB