It toverspegeltsje

It stikje bestiet út twa helten. Yn de earste helte wurdt ferteld hoe’t de tredde soan, neidat it de earste en twadde net slagge is, de prinsesse oan it laitsjen kriget. Dêrtroch rekket de fiskbonke út har kiel en kin se wer prate. Durk soe no wol mei de prinsesse trouwe kinne, mar hy moat it bewiis fan syn kinnen jaan om sjen te litten, dat hy foar de prinsesse de wiere Durk is. Hy moat fiif siken, dêr’t alle dokters mei oan binne, wer better meitsje. Dat slagget him, troch de siken wiis te meitsjen dat ien fan de fiif opoffere wurde moat om de oare fjouwer fan har kwaal ôf te helpen. Op slach binne se alle fiif wer better, want gjinien wol foar de oare opoffere wurde. Sa kinne Durk en de prinsesse trouwe.

De slachsin

Bearn en Rinskje hawwe f 2000,– wûn mei in ynstjoerde slachsin, sa hat it buorfamke Houkje yn’e krante lêzen, dat der sil feest fierd wurde. Houkje sil der foar soargje, dat der fan alles oantúgd wurdt. It feest sil krekt begjinne, as Houkje der heal skriemende ynkomt om te fertellen, dat se har fersind hat: it gyng om in oare Bearn Abbema yn it doarp. Dat hat fan gefolgen, dat de leveransiers de oranjekoeken, de segaren, de Rivella en de t.v. mei nei hûs nimme en it feest net trochgiet. Mar dan.. komme der twa hearen om de teloarstelde Bearn en Rinskje f 2500,– te bringen, dy’t de “Dierenbescherming” harren tatocht hat, om’e hja sa útsonderlike goed foar bisten binne!

It betsjoende slot

Twa fikse jonges, Wander en Jilles, binne de bosk yntein op syk nei de keningsdochter, dy’t nearne te finen is. Der stiet in grouwe beleanning foar: de prinsesse sels. Se belânje by it slot fan in rôfridder en it doel fan harren komst liket harren soer op te brekken: Jilles bedarret yn in hoale ûnder de grûn en Wander giet ek al in raar gat yn. Aldergeloks hat de rôfridder in aardige dochter: Aurelia. En mei dy har help giet alles op in blier ein ta, mei…fjouwer lokkige jonge minsken.

It heksehûs

Yme en Jeltsje binne troch de hekse Doerakine yn har hûs finzen set. Yme liet in fûgel frij, dy’t oan in beam fêstspikere siet en doe pakte de hekse harren. Yme giet moarn yn’e panne en Jeltsje sil earst yn’t soer set wurde. Wylst de hekse en har trije susters harren bliid meitsje om it feestmiel fan de oare deis tikket de fûgel bûtendoar boadskippen op’t glês, dat de bern de moed net ferlieze moatte. As de heksen eefkes it hûs út binne komt de fûgel, dy’t no yn in fee feroare is, en docht de bern in middel oan’e hân om de heksen te fiter te hawwen.

De boer sonder soargen

It safolste toanielstikje mei in boer, in boerinne, in feint en in faam en in buorfrou, mar likegoed sille de bern hjir wol wille mei ha; en master hat der net al tefolle drokte mei, want alles spilet yn ien keamer.