Komt ferstân mei de jierren?

Ruurd Baron is in man mei jild. Hy mei graach foar de telefyzje sitte mei in goed glês wyn en in goeie sigaar. Syn, húshâldster en dochter wenje by him. Hy lit syn húshâldster foar him drave, wêr`t sy fansels net bliid om is, want it wurk wêr`t sy foar oannommen is bliuwt dan lizzen. Hja sitte dan ek faak te hottefyljen. Ulke, is in âlde boantsjelap dy`t ferskate lytse putsjes yn en om it hûs docht. Hy slofket. Omdat hy soms wat yn`e war is, docht hy de dingen faak dûbeld. Ruurd syn suster, Meintsje, is op syn jild út en tinkt dat Berber en har dochter dêr ek op út binne, wol se dêr in stokje foar stekke. Dêrom wol se Berber derút wurkje, sûnder dat Ruurd dat yn`e gaten kriget. Jochem, de man fan Meintsje is in suertsje, hy hat thús neat te sizzen. Mei graach in slokje en in sigaar, mar dat mei net fan Meintsje. Aaf de dochter fan Meintsje, wurket yn in winkel. Se sjocht derút as in frou mei skiere knibbels. Har freon Gerrit is in krimineel en hâldt, krekt as in ekster, fan alles wat glimt, sels de toto fan Ruurd is net feilich. Akke de freondinne fan Meintsje moat besykje Ruurd om te krijen sadat hy it personiel fuort docht. Mar soe dat slachje…….?