De wachtkeamer

De Vries komt hieltyd del op de earste helppost om ’t er mient dat er in slimme sykte ûnder de lea hat. Hy moat holpen wurde, mar net ien harket nei him. Syn frou is koartlyn, yn it selde sikehûs, oan kanker stoarn. Sa no en dan komt sy, as in skynsel del. De oare pasjinten hawwe dúdlike kwalen en krupsjes en wurde al holpen. De Vries net. Hy liket him te hechtsjen oan it plak dêr’t syn frou it alderlêst west hat.
Gerben, de sjarmante, madzjo ambulânse broeder, nimt him net echt serieus. Gerben siket Maaike, resepsjoniste, geregeldwei op en besiket it mei har oan te lizzen. Hy is ûnwis yn ‘e leafde, ek om’t syn frou in saneamde swinger is. Hy kin der ferhipte min oer dat Maaike in spesjale bân mei De Vries opbout en nimt wraak.

De lytse kannibaal

‘De lytse kannibaal’ is de bynamme fan Sjoerd Lautenbach, in hurdfytser dy’t it net rêden hat om proffesjoneel te wurden. Hy hat in muoiseme ferhâlding mei syn twillingbroer Jehannes. Dit in ekstravagante man, hy runt in sportskoalle. Jehannes is eins mei ferantwurdlik foar it mislearjen fan de karriêre fan syn broer en is der ek noch ris mei Sjoerd syn jeugdleafde, Sjoukje, fan troch gien. Flak foar de brulloft fan Jehannes en Sjoukje komt Anastasia foar it ljocht. Sy wie eartiids ‘rondemiss’ en in âlde flam fan Jehannes. Anatasia docht in pynlik boekje iepen…

De fûgels fan Fantasia

De sintrale figuer is de Master dy’t op it eilân Fantasia de feiligens fan it isolemint kiest. It gewisse, yn de persoan fan Douwe Cappuchinio, hat it draaiboek fan de Master en nimt sa no en dan de gedaante oan fan kwismaster of regisseur. Hy ropt ferskillende stimmen yn it libben, dy’t de Master ‘entertaine’ moatte. Mar hawwe dizze stimmen wol in goede útwurking op de Master? Dizze stimmen – Liedster, Ferliedster, Skynhillige en Libbenslijer – bekfjochtsje mei elkoar en binne stik foar stik slim oergeunstich. Underwilens wachtet de Master op de Hillige Faam, dy’t him ôflieding jout. Mar nei trije nachten is de koeke foar de Master op. Douwe Cappuchino lit syn wiere aard sjen en komt mei de Willefrou op’e proppen. Wa is sy, wat hat se te sykjen by de Master? De frustraasjes nimme ta. Lang om let kiest de Master foar himsels, mar rekkenet er wol op it ûnferwachte plot?