Parallel

Dit stik iepent mei it bibelske ferhaal fan ‘de barmhartige Samaritaan’. De rest fan it stik spilet him ôf yn in modern flatgebou en giet oer in Turkse man, sûnder ferbliuwsfergunning en de reaksjes fan syn ûmjouwing. In moderne parabel dus.
De skriuwer: “De bedoeling fan it stik is om sjen te litten dat de minsk yn 2000 jier suver neat feroare is.”

Dobber en de van Gogh

Tseard Bearsma, alias Tseard Dobber, wurdt as keunstskilder net erkend, hy rekket syn wurk oan’e strjitstiennen net kwyt.
Yn in oerspande rite stelt er in echte Van Gogh en dy skildert er sa goed nei, dat faklju it amper fan de echte Van Gogh ûnderskiede kinne. De plysje krijt Tseard wol te pakken, mar se krije net út him wêr’t er it skilderij litten hat. Sadwaande wurdt er foar observaasje opnaam en dan moat de dokter dy’t him behannelet besykje om fan him gewaar te wurden wêr’t it kostbere doel bleaun is.
Nei in soad brike sitewaasjes, dy’t al linkendewei erkenning foar Tseard opsmite, giet er troch de bocht.
Foar wa’t ris bûten de bewende paden gean wol, is dit stik in útdaging.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.