Fuotprinten yn it gers
Feedokter Olivier Dekema hat soargen: hy hat in ûngemak hân en heukert yn in rolstoel om, it bûtert net tusken him en syn frou, de nammebuordsjes by de daaljes ferdwine al mar wer… it gokken by de draverijen kostet mear as dat it opbringt. Hy en suster Hanneke, dy’t dei en nacht by harren yn’e hûs is om him te fersoargjen, meie elkoar mear as sljochtweihinne lije en Olivier is fan doel om him fan syn frou skiede te litten, sadat se tegearre de lapen gear smite kinne. It noasket him dan ek och sa dat syn frou in pear dagen fuort sil. As syn frou werom komt om’t se har tas fergetten hat, wol Hanneke net langer wachtsje en stelt út har te fermoardzjen. Stadichoan kriget se Olivier sa fier dat er meidwaan sil. Krekt as Henneke syn frou delsjitten hat, wurdt der oan’e doar skille. Hastich wurdt it lyk fan syn frou dan yn in tekkenkiste treaun. In omke fan syn frou wol graach in nacht útfanhûzje om’t er maleur mei de auto hat en Olivier giet in minne nacht yn.
Oare moarns kin er net yn’t foar komme dat omke yn’e kiste sjocht, mar…. dy is leech.
Suster Hanneke docht och sa frjemd en seit dat se Marijke hjit. Sy moat neat fan Olivier ha en is wakkere aardich foar omke. Sy giet sels mei him te kuierjen nei in pleats dêr’t krekt in rôfmoard west hat. Olivier kriget noch grutter klap as syn frou nei hûs skillet en letter ek thús komt. Hy skillet syn gokmaat Freddy, mar as dy der is begjint Hanneke dêr mei te flirten. Olivier wurdt sawat breinroer en de aap komt út’e mouwe: Omke is resersjeur en Hanneke is ek by de plysje. Sy hat dizze komeedzje op tou set om Olivier út lykwicht te bringen en om him bekenne te litten dat er wol rinne kin. Hy hat de lêste wiken in pear rôfoerfallen mei Freddy dien, de lêste sels mei moard.