Leafs, Roland
Mefrou Lovegrove wol in jûntsje noflik sitte te televyzje-sjen, mar se kriget de iene nei de oare mefrou oan ‘e doar. Se ha allegearre in brief fan harren man by har en dêr stiet yn dat se inoar moetsje sille op Jubileumplein 5. Dat is lykwols it hûsadres fan mefrou Lovegrove, en dy wit fan neat… De froulju reitsje oan ‘e kofje en oan ‘e praat en dan docht bliken dat harren manlju allegearre deselde oerienkomsten ha en sa komt de aap út ‘e mouwe: se binne allegearre bedondere troch ien en deselde man!
Ferslein wikselje se foto’s út fiere en se besjogge kedootsjes dy’t mefrou Lovegrove fan har seeman út fiere lannen wei krige hat (en de oaren ek….). Letter op ‘e jûn bellet in aginte oan om te fertellen dat mefrou Lovegrove har man troch in ûngemakje yn it sikehûs bedarre is. As de aginte op ‘e tekst rekket oer har eigen man…