Wylde Havana

As de âlde autoritêre mynhear Timmer nei in muoisum libben komt te ferstjerren komt er foar’t ljocht as in geastferskining yn in tsjustere romte, nêst syn wenkeamer fan eartiids. Dêr kin er yn alle rêst op syn bern delsjen. As er heard dat de bern ûnder it wekjen syn begraffenis al regele ha ûnder it mom fan: “it mei eins neat kostje “, is hy slim teloarsteld. As er dan ek noch heard dat de erfenis al ferdield wie doe’t er noch libbe, wurdt er poerrazend. Kalmearre troch syn eks-frou (ek in geastferskining) wurdt der weromsjoen op harren rûzich libben fan eartiids. Oan de oare kant litte har bern sjen hoe’t se harren jeugdjierren belibbe ha, ûnderwilens helje se it hûs leech fan de ferstoarne. Stadichoan wurdt it dúdlik wêrom dit gesin sa ûntwoartele wie..Moaie dramatyske mominten en hilaryske scenes wurde sjen litten… In komeedzje mei in laits en in trien, foar in soad minsken o sa werkenber.

Hat myn ingelbewarder ek rjocht op in útkearing

Gabe de ingelbewarder fan Sita sjocht it net mear sitten.
Al santich jier beskermet hy har tsjin al it ûnheil wat op har wei komt. Hy hat der ek foar soarge dat har siel altyd suver bleaun is. Mar no’t se wat âlder wurdt, is it spannendste der of. Gabe wol graach dat Sita oergiet nei de ivichheid sadat hy in nij “beskermbern” tawiisd krije kin. As Sita har ingelbewarder dúdlik makket dat se fuort noch net fan doel is om dea te gean, wurdt hy opstannich. Sita komt hjir troch yn grutte problemen. Sy kriget rûzje mei har freondinnen en wurdt slachtoffer fan in tal ûngelokjes. As de ingelbewarders fan harren freondinnen dan ek noch foar Gabe kieze, driget sy folslein troch te draaien. Mar Sita knapt wer op, nimt wraak en soarget foar in geweldich stikje fjoerwurk.