Lit ‘m mar kuierje

Albert Brinksma is krekt boargemaster. Fan ‘e jûn sil hy mei syn frou op besite by de Jollema’s. Albert kriget in brief dy’t eins ornearre is foar Durk Jollema. De brief giet oer him sels, syn wurkferline wurdt út de doeken dien. Dat hy wurke hat by in ôffaltransportbedriuw en mei gemyske saken knoeid hat. Durk Jollema kriget ek in brief thús dy’t eins ornearre is foar Albert, de boargemaster. Der stiet yn dat Jollema ek net al te krekt west hat yn syn wurk mei gemysk ôffal. Dan geane se byinoar op besite. Se begjinne inoar wat út te hearren oer harren ferline. Earst meie se elkoar net lije, mar as bliken docht dat se beide net hielendal skjin op ‘e hûd binne, wurdt de striidbile bedobbe. As publyk witte wy dat Albert syn frou achter de brieven sit. Sy soe graach wolle dat har man wat minder arrogant wie.

Reinwetter op’e stêd

Doeke en Heep Hokwerda wenje op in moaie pleats en buorkje mei nocht. Buorfrou Jildou Hylkema hat koartlyn har man ferlern en moat har pleats no ferkeapje. Se kriget in soad minsken oer de flier dy’t wol ynteresse hawwe yn de pleats en it lân dat der by heart. Doeke hat ek wol sin oan de pleats en om de strykjildskriuwers ôf te skrikken seit er dat hy in pleats yn Frankryk kocht hat. Dan sille de spekulanten wol wat foarsichtiger wurde, sa tinkt er dat kin noch al wat skele yn de priis. Mar de pleats fan Jildou wurdt dochs ferkocht oan minsken út de stêd: Minke en Tom Donia. Dy komme op besite by Doeke en Heep, se hawwe ek wol sin oan de pleats fan Doeke en Heep. Se wolle de pleats keepje foar harren soan Sander, dy’t net doge wol. Sa kinne se him in bytsje yn ‘e gaten hâlde. Hoe rêde Doeke en Heep harren hjir út?

Moarten yn soarten

De baron (60 jier) is mei in 15 jier jongere frou (Ellen) troud. Hja kinne min tegearre, dat Ellen hat oare oanhâld socht en sadwaande eartiids in dochten (no 22 jier) fan in oare man oerwûn. Der is in húsfreon, dokter van Dellen, dy’t yntime omgong mei mefrou hat. Lit Clara no ek noch fereale op him wurde. De baron hat, as it stik spilet, al syn goed ferkocht en wol him yn Den Haach nei wenjen sette. Frou en dochter wolle perfoarst net mei. De baron kriget driichbrieven: hy moat f. 100.000,– stoarte en oars rekket er dea.
Clara merkt dat van Dellen neat fan har witte wol; fan de baron (formeel har heit) ferwachtet se neat. Se hatet se allebeide en docht fergif yn dokter syn kofje; hy beswymt yn ’t auto en rydt him sa de dea yn.
De baron kriget it sa benaud (hy hat de driichbrief oan dokter lêze litten en dêr stie yn dat wa ’t er de brief lêze lit, ek fan kant makke wurde sil), dat er himsels fergitiget.
Dan komt de plysje binnendoarren. It docht bliken dat kassier Elgersma de brieven stjoerd hat om ’t er jildlik oan ‘e grûn sit.
Mefrou hat LSD yn in drankflesse dien, dy’t ornearre wie foar de baron om him yn in stimming te bringen dat se wat fan him gedaan krije kin.
Mar de húsfeint kriget it yn, dat dy rekket ek al raar fan ‘e mik.

De ein fan al dizze moarten is dat Clara, Elgersma, mefrou en de húsfeint nei Ljouwert brocht wurde nei de ofsier fan justysje.

Modder oan ‘e kloet

Boer Laddus hat in smoarrike frou oan ‘e heak slein, mar se kinne meiinoar as kat en hûn. Hy leit him alhiel út op ‘e hannel yn ûnreplik guod, fan gefolgen, dat notaris in bêste klant oan him hat en dat dy beide tige befreone binnen. As der fanwege de delgeande tiid strop op strop komt, en de ferhâlding mei syn frou ûnhâldber wurdt, sykje de hearen in wei om fan har ôf te kommen. Hja organisearje in tochtsje mei de moterboat fan ‘e notaris en dan rekket de frou te wetter en ferdrinkt. Dit saneamde ûngemak leit notaris gjin wynaaien, sterker noch, hy begjint Laddus te sjantearjen; ek troch syn tadwaan, slagget Laddus wer oan ’t wiif.
Lena, de nije frou, hat de beide smjunten yn ‘e rekken en mei help fan har bern wurde Laddus sawol as notaris, op suggesje fan selsmoard, nei de oare wrâld holpen.
As it rjocht frijspraak konkludearret, kinne de jongelju trouwe en harren nei wenjen sette op in fiks boerespul. As hja miene dat alles foarby is, komme der twa ferslachjouwers, dy ’t op harren wize de rjochtsaak nochris oer dogge.
En dan spant it derom…….

Tusken fiven en seizen

Tema: De omgong fan in bestjoerlike pommerant mei syn frou en mei inkelde fan syn doarpsgenoaten. Kommissaris Wiarda en syn frou hawwe har op in doarp nei wenjen set en hawwe oan dokter en notaris dêre frege hoe ’t se oan moatte yn ‘e omgong mei harren doarpsgenoaten. Op ‘e neiste buorlju nei, ôfstân hâlde, is harren ret.
As fertsjintwurdigers fan it doarp komme yn dit stikje twa froulju op besite, ien fan de Reade froulju en ien fan de Griene froulju.
It stikje lit sjen hoe ’t de Kommissaris en syn frou har tariede op dy besite en hoe ’t dy besite sels ferrint.

Bycht by ljochtmoanne

Helma, de frou fan in ofsier fan justysje wurdt der fan fertocht dat se har man deasketten hat. Nei in proses wurdt se yn heger berop frijsprutsen. Ynstee fan har no ek frij te fielen, wurdt se suver hast minskeskou, sy lit har alles thúsbringe. De boadskippen wurde har op in kear brocht troch Katryn en dy besiket op alle manieren wat út har te krijen oer de dea fan har man. As dat net slagget, skillet se om help en dan ferskynt in man yn in grien jagerspak mei in gewear.
Op útstel fan dy man ferwikselje Helma en Katryn fan rol en kriget hy de kâns om frijút mei Helma te praten oer wat der foarfallen is mei har man.
Helma, dy ’t harsels al net mear wie, wurdt mei help fan drank en in ynkringend petear sa ûnder druk set dat se suver yn trâns it ferhaal docht dêr ’t it de oare beide om te rêden is. Sy bekent dêryn har skuld oan de dea fan har man.

Stjerrende wier

Notaris Jelmer Brúnsma hat in 20 jier jongere frou troud. Op in moarntiid komt Bonne, de túnfeint, mei in wat nuver ferhaal by him: hy hie de moarns betiid sjoen, dat Nico, de assistint-suveldirekteur, mei de frou fan de notaris yn it simmerhúske ferkeard hie. Hy hie beharke, dat it it doel wie en doch yn it tredde bakje kofje fan notaris inkelde drippen, wêrnei ’t it gau mei him dien wêze soe.
Justjes letter komt de frou, Paula, mei de kofje en fertelt, dat hja der de moarns betiid ôf west hat, omdat hja net sliepe koe. Hja mjit it tige út hoe moai as it moarns betiid yn ‘e bosk wol net is. Dat ferhaal giet troch ûnder it kofjebringen, mar notaris smyt it tredde bakje yn in blompot.
Underwylst is er slim mei it probleem dwaande. Hy smyt it op ’t lêst op de fuotprinten, dy’t Bonne by it simmerhúske fûn hie en dat der net allinne dy fan har leine, mar ek dy fan in man. “Hy sil syn eigen fuotprinten bedoele” seit hja dêrop. It feit hat notaris sa njonkenlytsen sa yn ‘e besnijing, dat hy spilet as wied er net wiis. Dan hellet er in revolver út it laad en it liket as sil er himsels te koart dwaan.
Wylst Bonne mei 5 mollen opkomt, giet notaris mei de revolver, dêr’t Paula al earder de patroanen úthelle hie, fan it toaniel. As hja dat tsjin Bonne seit en hja harren dêr beide slop om laitsje, falt it doek.

Moaie eagen

Twa susters, Anne en Brecht, beide frijfaam, wenje tegearre. Anne hat koartlyn wat gedoente hân mei Sybren, mar dat is tsjin har sin wat yn it neigean rekke. Anne hat Brecht safier krigen dat dy hat ris by him sjoen en in praatsje mei him makke mei it doel foar har suster ris poalshichte te nimmen oft der ek in kâns is dat Sybren nochris by har komt.
It stikje begjint as Brecht krekt fan har missy thús komt. Botte praterich is se net en Anne, dy’t fergiet fan nijsgjirrigens, moat har de wurden ta de mûle út melke. Hoewol’t Brecht har oanriedt om it mar te ferjitten, bliuwt der by Anne hope, mar ek in sterke twifel. En dy twifel wurdt noch grutter as buorfrou Minke harren mei de krante grut nijs te fertellen hat. Hja hat kunde krigen oan Sybren en seit dat it wol trouwen wurde sil, want doe’t se in kear kâlde tee dronk en út ‘e gek sei dat men dêr moaie eagen fan krige, hie Sybren sein dat se al moaie eagen hie. Op it lêst kriget Anne in briefke fan Sybren dêr’t yn stiet: “Matte – dat wie Sybren syn mem – is dea, mar ik hâld fan antyk. Sybren.” Hoewol net sûnder twifel, reagearret Anne hjir dochs posityf op. Hja rint stadich nei de tafel en drinkt kâlde tee.
“Hjir krij ik moaie eagen fan”, seit se ta beslút.

Jachtskûtel

Aiko, in ynkassearder by de nutsbedriuwen, is folslein oer syn toeren. Hy tiist mei allerhande maatskiplike problemen om, dy’t him fansels earder minder as better meitsje. Dat sil nei’t wy oannimme ek wol de reden wêze dat syn frou mei de bern him ferlitten hat. Men moat begripe dat er no, sa’t er seit, syn baas dien jûn hat: ûntslach nommen dus.
Yn dy situaasje treffe wy him oan yn it stik. Wylst er sneupt yn itjinge syn frou efterlitten hat, wurdt er opskille troch in frou, dy’t ferkeard ferbûn blykt te wêzen, mar dêr’t er doch in dizenich ferhaal mei hat. Op de iene of oare manier fiele hja mekoar dochs wat oan, want in skoftsje letter komt dyselde frou by him oan ‘e doar en spilet it stik him fierder tusken dy twa ôf. Dat syn frou noch noed fan him stiet, mei men ôfliede út it feit dat in goekunde fan har (Sas) him opskillet en besiket gewaar te wurden hoe’t it mei him giet. Fierder fernimme wy neat wer fan syn frou. It petear mei dy frjemde frou giet oer allerhande ûnderwerpen, mar it draait der op út dat hja ta de konklúzje komme dat it jild it ivige kwea is.

Foer foar Bauke

Allet hat kunde oan Bauke en is alhiel oerémus fan him. Hja dreamt it hiele stikje troch en yn har dream ferskine twa eardere froulju fan Bauke: Bonny en Claudia en ek Bauke syn mem Durkje.
De beide eardere froulju fan Bauke spanne út oergeunst suver tsjin Allet gear, wylst de mem fan Bauke hieltyd mar wer nije froulju (foer) foar him siket.

Opdracht

Femke hat – as sikretaresse – yn opdracht fan in grutte ûndernimmer mei sifers gûchele, sadat dy ûndernimmer der goed jern mei bespinne koe.
Oant it yn’e gaten rûn en Femke dien wurk krige, omt er sa’t er sei, altyd sûnder euvelmoed syn hân set hie ûnder har flaters.
No hat Femke wer in opdracht, de opdracht om dy korrupte baas del te sjitten…

It weareldsje

Froany, in smoarrike boeredochter, driuwt al tritich jier mei kelner Graddus in hoteltsje krekt bûten de stêd. Dit hotel is mei de jierren slim ferrûn. Froany hat noait troud west en hat gjin frede mei har libben oant no ta. Sy wol in kearpunt bewurkje en noeget ta dit doel fjouwer feministyske froulju út ta wat sy neamt, in kongres.
Graddus sjocht it in gat yn’e kop en hâldt har in spegel foar om har ta ynkear komme te litten.
It kongres slagget net want it komt net ta in útdragene saak trochdat de froulju gauris byïnoar lâns prate en sadwaande net oan it echte ûnderwerp ta komme.