Swart is sa tryst

‘Swart is sa tryst’ fertelt it ferhaal fan trije suskes, dy’t byinoar komme nei it ferstjerren fan harren mem. Der moat noch it ien en oar regele wurde, mar de belutsenheid tusken de trije is fier te sykjen. Alles wat de iene regele hat of regelje wol, is op foarhân al ferkeard. Dêrnjonken ha se alle trije har eigen byld fan oantinkens en gedachten. We sjogge de trije suskes wankeljen op de púnheapen fan har eigen libbens. “Swart is sa tryst” is in stik mei in protte humor, wêryn de trije froulju, dy’t oan inoar weage binne, net fan doel binne om ek mar ien stap oan ‘e kant te dwaan foar de oar.

Johanni Moriendi sunt

Mem wurdt 80. De bern binne der allegearre: Hanna, Joke, Hans, Johan en Jannik. Oan’e wand de pertretten fan de fiif heiten, Johannes I o/m V. De bern bongelje ûnder elkoar hoe’t dy Johannessen oan harren ein kommen binne, elk toant syn eigen eigenaardichheden. Dan komt der besite, Johannes VI. Nei lang kedizen wurdt hy der ynlitten om’t mem it wol. It wachtsjen is noch op mem, dy’t har klear makket foar it feest.
Stadichoan wurdt de sfear rúzje-achticher en Johannes bemuoit him der mei. Jannik wurdt dit te stûf en hy skillet syn freon Wim, dy’t er ferslach docht fan it ferrin fan de tastân. Dan komt mem, se wurdt yn de petearen behelle en dan docht bliken dat se alle Johannessen it hoekje om holpen hat. Johannes VI wol de plysje skilje, mar mem is him foar en plukt him nei in bettere wrâld. Dan komt dochs de plysje, warskôge troch Wim. De bern beweare allegearre dat sy de dieder binne en wurde ynrekkene. De plysje hat begrutsjen mei mem, dat har bern jaloersk binne op de frijer fan harren âlde mem. Mem bliuwt achter en hinget pertretten op fan de fiif bern.