Alde Groeden

De âlde mefrou Tonia van Appingen hat “fout”west yn ‘e jierren 1940-1945, en se fynt dat se mei dat N.S.B.-ferline al te lang en te swier straft is. Se hat har nichtsje (?) Suzan allinne grut bringe moatten en ek Suzan is beynfloede troch de bitterheid fan har tante. De âlde mynhear Simon Hermerg hat as heal-joad de holocaust oerlibbe. Ek hy moat noch faak oan syn kamptiid tinke, oan de befrijing troch de Russen en oan de nei-oarlochske perioade fan’t weropbouwen fan ús lân. Hy hat it dêr geregeld oer tsjin syn soan (?) Paul. Tonia en Simon binne beide al op jierren en krije foar allerhande kwalen medisinen, dy ’t harren besoarge wurde troch Marja Horjus, de wykferpleechkundige. De beide folslein-anti-poden Tonia en Simon wenje, sûnder dat se it witte, neistelkoar yn in appartemintekompleks.
As dêr op in dei gjin wetter út’e kraan komt fanwegen in reperaasje oan it liedingnet, moat Paul in glês wetter by de buorlju helje foar syn sike heit. Dêr moetet er Suzan, en tusken dy beide bloeit wat moais op, wylst sy harren iensume heit en tante oanelkoar koppelje wolle…As dan bliken docht dat Simon en Tonia sa ’n ferskillend ‘oarlochsferline’ ha, hâldt Marja Horjus har hert fêst. Sy is op ‘e hichte fan de oertsjûgingen fan har pasjinten en makket geandewei it stik mei, hoe ’t Simon en Tonia harren mieningsferskillen útfjochtsje. Se binne beide goed rap mei de mûle en hâlde, hast tsjin better witten yn, fêst oan eigen gelyk. Mar…it is allegearre al sa lang lyn en dan komt de twifel: wa of wat wie no ‘goed’ en wa en wat wie ‘fout’? Paul en Suzan skodzje it ferline fan harren ôf en geane miskien tegearre fierder; soe dat der foar Simon en Tonia, oan’e ein fan har libben, ek noch yn sitte?
Dejinge dy ’t hâldt fan in toanielstik mei pittige dialogen oer in wat dreech ûnderwerp, mar dochs hopet op in ‘leaf’ ein, krijt mei ALDE GROEDEN waar foar syn jild.

Woartels en bline finken

Dit blijspul giet oer it ferset fan in lytse winkelman tsjin de ferkeap fan syn saak oan in grut winkelbedriuw. De lytse winkelman is de grientekeapman Siemen Akkerman en it grut winkelbedriuw is fan Lokke Steensma-Berch. Foar ferwikkeling soargje de dochter fan de grienteman, Elske, en soan Hâns fan de eigenaresse fan it grut winkelbedriuw. Hja krije mei harren auto’s in oanriding en reitsje opslach fereale op elkoar. In net al te snoade polysjefrou, Wytske Wagenaar, spilet hjir net swak by. Fansels meie de jongelju net meiinoar omgean fan heit en mem en like fansels krije se inoar dochs!

Deiwurk by jûntiid

Rymkje, de klusjesfrou fan de putsjebus, kreazet it hûs fan frijgesel Age op troch te plamueren, skilderjen en sa. Sy is fereale op Age, wurket by de konkurrint fan Age, mar dat wit Age net. Rymkje hat dus in geheim. Age slacht raar yn’e froulju om; foar elke dei ien en elk tinkt dat se mei Age trouwe sille. Op in reinige middei komme se allegearre del. Opset of tafal? De betizing is grut. De froulju wurde wraaksuchtig en betinke wat. U.o. namme ferwikselje, sadat Age net mear wit wa’t wa is. En sa rint Age mei iepen eagen yn’e fûke. In nuveraardich stik foar in fleurige jûn.