It sânde gebod
Skelte Beuzich moat de lêste tiid gauris jûns fergaderje. Skelte’s frou nimt it allinne-wêzen nochal lakonyk op, mar de húshâldster wurdt erchtinkend. Dat lêste liket reden te hawwen as sy yn’e attasjeekoffer fan baas Beuzich in grutte doaze bonbons fynt.
Dit is de oanlieding foar it sa bewende spul fan in klucht. Grut opskuor, alleman krûpt wei foar alleman. Oan’e ein fan it stik is elk wer tefreden omt bliken dien hat dat alles op in misbegryp berêste.
Dit stik is folle mear klucht as blijspul, it hat krekt wat mear yn as sljochtweihinne, in oanrieder!