In hûs fan hâldoan
Albert Jorna, tsjin ‘e fyftich jier, hat syn frou ferlern en ferhiert no keamers oan jonge fammen. Syn buorfrou hat er frege om wat kontakt mei de famkes te hâlden en wat ta te sjen. Twa fan harren hawwe ferkearing; de tredde, dy’t fan bûten komt, net. De jonges fan de twa fammen komme dêr ek yn ‘e hûs em sa spylje har dêr allerhande scènes ôf, dêr’t leafde en oergeunst, fertrouwen en wantrouwen yn gauris wikseljende stimmingen yn ta utering komme. Jorna, dy’t, omdat er sa bot smookt, Oom Camel neamd wurdt, makket him fertsjinstlik troch by allerlei aksjes en problemen dy’t har foardogge in bemiddeljende rol te spyljen.
Hy fernimt dat, al hâldt en draacht de jongerein him gâns oars as earder, de problemen yn wêzen deselde binne as doe. Gauris kin er de jongelju helpe en fan tsjinst wêze, mar dochs fielt er him iensum.
As er lykwols yn ‘e kunde komt mei in suster fan it famke fan bûten, dan liket it him ta dat der in kâns is op in oplossing foar dat probleem. Dy suster, in frou fan tsjin ‘e fjirtich, wol, omdat se as skoaljuffer yn har eigen wenplak en by har âlden alhiel driget te fersuorjen, in baantsje yn ‘e stêd sykje.
It betsjut foar Jorna leafde op it earste gesicht. Dochs is it sa maklik net as it earst like, mar bei wat tûkelteammen komt it dochs klear mei harren.