It priisknyn

Hy is tige fretterich, byt de hushaldlike help heale fingers of en is kampioen. Mar as de grutske eigner fertelt dat it knyn kampioen wurden is, stiet it knyn al op in sacht pitsje te protteljen.
In spitich fersin, mar hoe makkest dat wer goed en hoe ferklearrest it lege hok? In plakferfanger fan Karolus, in meager skarminkel, bringt gjin oplossing. It komt fansels wol goed, mar der is wol it ien en oar foar nedich.

In aap oer de flier

Ek al seist hûndert kear datst’ dy net bemuoist mei polityk, oarsom ûntkomst der net oan. Dejinge dy’t der alles oer fertelle kin is de suster fan Alfred (of Alfie sa’t syn ûnferwachte freondinne him neamt), in amtner fan binnenlânske saken. Yn ferbân mei in tige heimsinnige missy útfanhûzet de Russyske diplomaat Popov by Albert, op fersyk fan de minister! Net ien mei it witte. Yn ‘e polityk lekt soks altyd út, en der komme ynienen hiel wat frjemde minsken oer de flier. In tige foarsichtige kontroleur fan it gas, in haai fan in typist fia in útstjoerburo, in feninige help yn de húshâlding mei har slongelige freontsje Pummy … en net te ferjitten beppe Bakker.

Blommen foar Berber

Iebe Spoelstra hat saaklike kontakten mei lju út ‘e ûnderwrâld en de plysje wol der efter sjen te kommen oft er sels wol suver op ‘e graat is. Dêrta brûke se in frommeske as spion en dy kriget ta opdracht, Spoelstra op ‘e lije side te krûpen. Sadwaande komme der by him thús telefoantsjes en blommen foar Berber, dy’t by frou Spoelstra en de bern fansels har ynfloed net misse. De frou kriget in oanriding fuort by hûs en sadwaande komme der in taksysjauffeur, in passagierske en in âld kolonel oer de flier. De kolonel hat in shock opdien en libbet no alhiel wer yn syn tsjinsttiid fan 25 jier ferlyn; ynspeksjes en oanfalsplannen en al sokke dingen wurde der opreakele.
It libbet dêr ien mei oar in deimannich frjemd yninoar om, mar by eintsjebeslút docht dochs bliken dat Spoelstra hielendal skjin op ‘e lea is, ta grutte opluchting fan frou en bern, mar ek…. dat de ‘kolonel’ neat oars is as in plysjeman en dat de taksyman en syn passagierske diel útmeitsje fan in binde dy’t it der om te rêden wie, by Spoelstra diamanten te stellen.