De roas fan Dekema

It stik spilet him earst ôf yn 1345 as de greve fan Hollân in grut feest jout, wêrby’t ek in delegaasje út Fryslân oanwêzich is. De greve makket oanspraak op de titel ‘Hear fan Fryslân’, mar de measte Friezen fersette harren dertsjin. It twadde part fan dit histoaryske drama spiliet him ôf yn Fryslân, benammen by it kleaster fan Sint Odolphus by Starum. De striid tusken Hollânders en Friezen rint út op de bekende slach by Warns.
Van der Mark hat de roman fan Jacob van Lennep net folslein folge, om’t der hjoedendei mear feiten bekend binne en van Lennep it neffens van der Mark wat tefolle troch in Hollânske bril seach.

Trammelant om de herberch

Pake Klaversma hat in âld herberch, dêr’t de gong frijwat út is. Hy wol it spul no mei help fan Tys, in wurkleaze boufakker, opknappe om de saak dan oer te dwaan oan in jongere generaasje. Njonken de herberch driuwt Janna Klompmakker in pension. Pake en Janna kinne wakker mei elkoar, al sitte hja mekoar oanienwei yn ’t hier. Pake soe graach sjen as Tys mei Joke, syn pakesizzer, gean soe, mar dat wol net al te bêst slagje. Om it spul wat oan te moedigjen hellet pake in fyt út, mar dy liket earslings te wurkjen.
Tusken de bedriuwen troch spilet der in kwestje fan in muntefynst. Op it lân dêr flak by wurdt in doaze mei âlde munten fûn. Letter docht bliken, dat de jonge frou, dy’t sa graach by pake útfanhûzje wol, immen fan de plysje is, dy’t efter de dieven oan sit. Hja wit mei help fan Sierd, de soan fan Janna, op it lêst ien fan de dieders te pakken te krijen. Sierd en Cecyl en ek Tys en Joke wurde – hoe riede jim it sa – oan ‘e ein twa pearkes.

Jild op ‘e rin

Doe’t Sake Sybesma troude mei Katryn koed er de helling fan skoanheit oernimme, lykwols it fermogen fan skoanheit bleau yn in famylje B.V. ûnder behear fan Katryn. Sake, dy’t in ferhâlding hat mei Tineke, besiket no mei har help in fermogen oan swart jild byinoar te garjen, dêr’t se uteraard de saak mei te koart dogge. Der binne lykwols guon dy’t dêr de lucht fan hawwe en no spant it derom wa’t as earste dat swart jild benei komme sil. Nei fûleindige konkurrinsje is it Kalma, de prokuraasjehâlder, dy’t de oaren en syn baas te fluch ôf is. Hy soarget der foar dat it jild op it plak komt dêr’t it heart: yn ‘e saak.
Leine Kalma en Katryn elkoar yn it ferline al goed, no’t Sake syn ferhâlding mei Tineke oan ’t ljocht komt, stiet neat in nije relaasje tusken har beiden mear yn ‘e wei.

De tizeboel fan omke Roel

Omke Roel, dy’t grut boer wie, is ferstoarn. Salang’t it erfskip noch net ferparte is, komt Jelmer Roersma, de bedriuwslieder, mei syn trije bern op ‘e pleats te wenjen. Syn styfdochter Jits docht de húshâlding, de oare beide bern leare noch. Op ‘e dei dat de notaris it testamint iepenje sil, komme der twa omkesizzers fan omke Roel del. Se tinke dat der foar harren gâns wat te heljen falt. Dan docht bliken dat omke noch in dochter hat. Fansels kriget de dochter de pleats en it fee taparte, wylst oer in healjier út ‘e doeken dien wurde sil wa’t it lân en it jild krije sil. Dan moat lykwols oan ferskate betingsten foldien wurde. It lit him tinke dat dit al mei al in soad oergeunst en misbegryp meibringt.
Hawar, it soe net in blijspul wêze, as alles oan ‘e ein net goed kaam.

Snie yn augustus

José Brinksma is by in oanriding dea rekke. Wie it in ûngelok of sit der mear achter? De plysje moat it útsykje en it docht al gau bliken dat it om drugs giet. Dat is dan de “snie yn augustus”. Hokker rol spylje de freon Timen en de suster Jikke fan José? En Mariska, dy ’t ferslave is oan drugs? Ek mei Bouma, de sjef fan Jikke, wit de plysje net goed rie. Dochs bringe hja de saak ta in goed ein.
In spannend stik.

Spul om Sonja

It giet yn dit stik om de konkurrinsjestriid tusken de tekstylfabrikanten Frâns Hoogslach en Wike Minnema. Frâns en Wike ha eartiids gedoente meiinoar hân. Sonja is net allinne in famke fan fleis en bloed, mar ek in stimme op de radio. As bliken docht, dat de stimme en persoan net ta ien en deselde figuer behearre, komt der “spul om Sonja”.
Relaasjes tusken de jongelju rinne troch beide famyljes hinne, dat jout ekstra kleur oan de ferskate brike sitewaasjes.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.