Oh, myn leave….

Eddy Vlasma wurket op ‘e telefoansintrale. Hy is in beskieden, stille man, dy’t thús boartet mei syn tinnen soldaatsjes. By syn koartsichtige skoanmem en syn eigenwize sweager is er net yn tel. Syn frou Rommy hat it drok mei it netsjes hâlden fan it hûs en it fersoargjen fan har “sike” mem. Op it wurk libbet Eddy him út. Hy leit in soad kontakten fia de telefoansintrale mei syn froulike kollegas út ferskate Europeeske lannen. Hy is tige populêr by dizze froulju, foar har is hy “Mister Amsterdam”. As de “Miss Europhone” ferkiezing holden wurdt, komme dizze froulju him ûnferwachts thús opsykjen. Dat dit foar in soad alteraasje soarget, is wol dúdlik. Hoe hâldt er dit allegearre stil foar syn frou Rommy? De stipe dy’t er kriget fan de by him ynwenjende helpdûmny makket alles allinne mar healwizer. Hielendal as ek syn skoanmem noch efkes tydlik by him ynwenjen komt…