Brulloftsgasten

Anne en Abe binne tsien jier troud en dat sil fierd wurde. De minsken, dy’t se útnoege ha, binne gjin trochsneed gasten. Doch komme de measten om in noflike jûn te hawwen. Yn de rin fan it feest wurdt dúdlik dat guon wat oars yn ‘e holle ha en it feest as in moaie gelegenheid sjogge om wat brânende saakjes ôf te hanneljen. As dêrtroch it iene spoek it oare opropt docht bliken dat se har ferrekkene ha.

De susters

Twa froulju, Clara en Freda, susters, wenje by elkoar. It libben is, oant dan ta, net hielendal sûnder rimpels oan har foarby gien, mar hat net brocht wat se der fan ferwachte hienen. Clara hat in relaasje hân mei in troude man, Onno, dy’t letter Freda in skoft mei syn sjarmes gelokkich makke hat. Dizze affêre, dy’t foaral Clara ferbittere en wraaksuchtich makke hat, is mei de grûn foar de haat yn de haat/ leafde ferhâlding tusken de froulju.
Sa njonkelytsen fernimt Clara dat Freda har geheimen hat. Uteinlik docht bliken dat se Onno wer moetet, al is de situaasje gâns feroare. It feit dat er wyls skieden is, seit net de hoop op nij gelok ta: de man hat in sykte ûnder de lea en hat as man it measte net mear te bieden. As Clara op ‘e hichte brocht is, set dy in hiel plan op priemmen: se krijt it klear dat Onno by har yn ‘e hûs komt. Se meitsje der in mearke fan: moai en wreed as mearkes wêze kinne. Clara wol yn it foarste plak har gram helje mar har ek ferwissigje fan it genot dat de man noch te bieden hat. Uteinlik sille de susters Onno partsje neidat him dúdlik makke is dat him syn âlde skuld ferjûn wurdt as hy him skikt nei har winsken.
Dat pakt in bytsje oars út.

Loftkastielen

Loftkastielen is de ferbylding fan in yntrige dy’t him hjoed de dei ôfspilet yn in wrâld, dêr’t de minsken har sels rêde al docht bliken dat guon in spesjale antenne hâlde om, út en troch, wat op te fangen út hegere regioanen.
De minsken op ierde krije net allinnich te meitsjen mei luchtlaach Healheech (wenplak fan heksen) en mei luchtlaach Himelheech (wenplak fan in pear goaden), se ûnderfine ek de gefolgen fan ‘e kompetinsjestriid tusken Healheech en Himelheech.

It draait allegear om in stik grûn dat ien fan ‘e minsken keapje kin. Om it rendabel te meitsjen sil Nijtopia boud wurde. IT moat safolle alluere ha en sa apart wurde, dat elk deroer prate sil, sûnder dat it daliks al te drege fragen opropt. Om alle mooglike keapers safier te krijen dat se har meinimme litte en har op ‘e tiid ferwissigje fan in perseeltsje, ek al sil dat blike tsjin har eigen belang yn te wêzen, besiket hy dat foar elkoar te krijen mei de help fan Healheech. It stiet Himelheech net oan en dy komt mei har eigen, ferdielde, ynbring. Beide binne se betûft yn it meitsjen fan keunstgrepen en manipulaasjes.
Troch alle yntriges barre der ûnferwachte dingen en ûntstiet der wat langer wat mear gaos en spanning.

Spul om de stêd, it bist, de ingel

Yn in gewoane stêd mei alles wat dêr by heart wennet de hear Balladur, ‘it Bist’, in sjarmeur en yntrigant, dy’t him fersekeret fan de geunstige oandacht fan de macht yn de persoanen fan de boargemaster en de biskop mar tagelyk sint op in oername fan dy macht. Hy is de personifikaasje fan ‘eigen folk en eigen kultuer’. Hy kriget stipe fan de rotten mar hy wit dat se him sitte litte as it harren better útkomt. It tsjinspul fan de Ingel en de Dichter, goed bedoeld en moai spile, hellet net in soad út.

Spegelbylden, Spul om Jan Brugman

De krekt stoarne Jan Brugman (1399-1473) hat noch gjin rêst, hy krijt opdracht om noch in ieuwenlange wei te gean, oant er oan ‘e ein klear is mei himsels. En, graach of net, hy sol op syn tocht beselskippe wurde fan in nar.
Jan Brugman dy’t yn syn libben alle oaren twong om harsels te ûntdekken yn syn “Speculum imperfectiones” (Spegel fan ûnfolsleinens) fan fan 1450, stiet no sels foar hjitte fjurren. Diskear is it de nar, dy’t him, Jan Brugman, de spegel foarhâlde sil. Hy sil hieltyd dúdliker sjen, dat minsken elkoar altyd wer mei regels yn ‘e beage hâlde – mei moaie en minder moaie bedoelingen – en hoe’t se ek altyd wer ûnder de regels útkomme wolle, sa goed sa kwea.
Each yn each mei de singeliere ferletten fan minsken en har net nei te kommen kar foar wyt of swart yn tiden fan deilisskip en reboelje, feroaret er njonkelytsen. Sjocht er himsels en oaren yn in nij ljocht. It sil úteinlik it fjoer, dêr’t er him yn djipste wanhoop oan oerjout, wêze dat him befrijt fan syn âlde ik. Wat oerbliuwt, is in man dy’t lykop rint mei de minsken. Yn ‘e spegel hat er de trekken fan in nar.
Yn alle situaasjes: de deadewacht by Jan Brugman, de opmjitte nei de reformaasje en de Frânske tiid, de needsaak en eangst om te kiezen yn ‘e twadde wrâldoarloch, en de alteraasje fan de tiid fan no, bliuwe alle spilers harsels, hâlde har eigen namme. Sa as altyd feroarje minsken soms yn ‘e rin fan de tiid, mar like faak hat it der fan dat se stean bliuwe dêr ‘t se stienen. En sa spylje bern, altyd en oeral, har eigen spultsje oant se de wrâld, sa as dy is, foar kar nimme of har fernije.