Happy birthday Jellie
Jellie rebellearret tsjin har âlden, foaral tsjin har heit. Dy wol neffens har har hiele libben bepale. Hy bepaalt wol wa’t har freonen binne en hy hat âlderwetske ideeën oer har skoalle-oplieding.
Yn dizze monolooch spilet se, allinne, ferskillende foarfallen út har libben, foaral fan de lêste tiid. Har heit trappearret har as se mei har freon de earste kear op bêd wol, se bedriget har heit, har freon lit har foar in oar famke sitte.
Dochs hat se ien kear sûnder foarbehoedmiddel mei har freon op bêd west, is se no yn ferwachting of net? Se sit oer dy fraach yn op’e jûn fan har jierdei, dy’t se allinne fiere moat. Sil se har mem belje? Hoe sil dy reagearje?