Op jo sûnens
Stefan en Theo moetsje inoar op in bank yn it park. Stefan is in beskaafd yntellektueel persoan, dy’t folslein oerstjoer is troch de dea fan syn frou. Hjirtroch is er yn syn petear mei Theo faak ôfwêzich en se prate by tiden glêd by inoar lâns.
Theo is in ienfâldich man, rûch yn klaaiïng en taal. Botte ferstannich is er net; syn praat roait by tiden kant noch wâl. Dochs hat er ek in grut fertriet.
De drank út’e flesse fan Theo makket de tongen los. De manlju fertelle elk harren eigen tryste ferhaal. Doch rinne de karakters te fier út inoar om inoar helpe te kinnen.