Plysjesaken

It stik spilet yn’e bosk. In net sa snoade ynspekteyr fan plysje, Snoad, lit him mei syn assistint, Kobus Krekt, te fiter nimme troch in pear boeven. De boeven ferwikselje fan klompen en geurkes sadat de plysjemannen op’t ferkearde spoar set wurde. Dan falle se yn sliep. Se pakke de boeven net en sille wol yn’e WW moatte…

Dat mins fan hjirneist

In kreaze, jonge sosjologe wol in proefskrift skriuwe oer ‘De grinzen fan de tolerânsje’ en dêrop promoveare. Dêrta nimt se sels de proef, mei har buorlju, troch allerhande dingen te dwaan, dy’t men mei neiste buorlju en yn in fatsoenlike buert net dwaan kin: jûns let de boarmasine noch brûke, lûde muzyk draaie en… heal neaken yn ‘e tún omspane! Yn de earste twa bedriuwen hearre wy de buorlju dêr oer kleien en sjogge wy hoe’t se sykje nei mooglikheden om de jonge buorfrou geweken te nimmen. Yn it tredde bedriuw wurde wy gewaar hoe’t de foarke yn ‘e stâle sit en docht ‘dat minske fan hjirneist’ ferslach: har proefskrift is klear en oannaam as doktoraal-skripsje.
In flot en linich skreaun blijspul mei in ûndertoan om dochs even oer nei te tinken, want as der no, ynstee fan sa’n kreas frommiske, ris in ‘asyl-famylje’ yn dy fatsoenlike buert kaam wie te wenjen?

It kin de master misse

Bonne Haringsma rekket om syn sûnens út it wurk en kin dy oergong min fertarre. Syn frou riedt him oan ris wat te skriuwen. Dat besiket er en it slagget him inkele boeken útjûn te krijen. Tsjin de tiid fan de Steateferkiezings komme der in pear partijlju by him en biede him oan listlûker fan harren partij te wurden. Hy wol der earst neat fan witte, mar dy lju lizze de line sa tûk om it hea dat er úteinlik taseit. It is in partij dy’t Fryslân foar de Friezen hâlde wol en by harren falle b.g. bûtenlanners en kleurlingen bûten it skip. Bonne giet hjir safier yn mei dat de frou en de bern gjin oandacht mear krije. Hy wurdt fan mear as ien kant warskôge dat er op it rasistyske paad belânet, mar om’e nocht. It komt safier dat er syn soan de doar wiist omdat dy jûn op jûn te sprekken giet tsjin de partij, dêr’t syn heit foar krewearret.
By de ferkiezings giet Bonne syn partij kopke-ûnder. Troch skea en skande wiis wurden begjint Bonne yn te sjen dat er him troch in pear âlde skoalmaten beynfloedzje litten hat. Krekt foardat de húshâlding alhiel útinoar falt, komt er ta ynkear en kin de skuor noch lime wurde.

Om de namme fan de saak

Yn de tsiisgruthannel fan Boersma binnen feroaringen op til. Boersma sels sil him weromlûke as direkteur en it roer oan syn beide soannen oerlitte. Geart, as âldste, sil direkteur wurde en Hindrik ûnderdirekteur. Dit noasket Hindrik min, hy achtet himsels mear geskikt om baas te wêzen. Hy lêst it libben wol, hat in ferhâlding mei Geart syn frou en is ek net frij fan Anke, de sikretaresse. Fierder binne hy en de boekhâlder warber mei knoeierijen op finansjeel mêd.
Tidens de ôfskieresepsje fan Senior fynt it tsjinstfamke it lyk fan Anke yn’e tún. Fertochten by de rûs, mar foar Hindrik begjint it omraak te knipen.
Dan grypt heit Boersma yn…

Twafertsjinners yn twastriid

Germ en syn freondinne/húsgenoate Lysbet ha beide in folsleine baan, mar al ha hja help, de húshâlding rint harren folslein oer de fûst. Omdat Lysbet finansjeel it measte ynbringt, beslute hja dat Germ syn baan der oan jaan sil en yn’e húshâlding stapt. Mei it itensieden kin er by need in berop dwaan op Anneke, in freondinne fan Lysbet. Dat lêste docht er op in stuit dat Lysbet foar de saak nei Amsterdam is en skillet dat se nachts net thús komme sil. Germ en Anneke nimme it derfan, stappe der út, wat ite, bioskoopke, en in noflik neipetear by him thús. Op oanstean fan Germ bliuwt Anneke dy nacht mar by him útfanhûs. As Lysbet ûnferwachts dochs noch thúskomt treft se dêr dy beide oan en dan is de kaart fansels ferjûn. Lysbet wurdt poerrazend en smyt de doar achter har ticht.
Letter seit Lysbet yn te sjen dat se in falske fertinking hân hat en sadwaande komt alles wer op syn poatsjes telâne.