De dea fan in hannelsreizger

Willy Loman, 63 jier âld en hannelsreiziger, fernimt wol dat it net mear sa bêst mei him giet: hy kin him hieltiid minder konsintrearje, hat mei syn auto hast in bern deariden en fielt him ûnwis. Hy besiket in oare funksje te krijen by de firma dêr’t er foar wurket, mar de jonge, nije direkteur – de soan fan de âlde direkteur – wol der neat fan witte en seit dat er earst marris rêstich oan dwaan moat; wat sa folle betsjut as dat er op termyn dien krijt. En in fatsoenlik pensjoen sit der net yn.
Loman syn soargen hawwe ek te krijen mei syn soannen, Biff en Happy. Se binnen al oer de tritich en yn syn eagen ferliezers. Beide soannen kinne lykwols net meikomme mei heit syn byld fan de wrâld, wêr yn hurd wurkjen fansels liedt ta grutte prestaasjes èn beleannings, de dream fan in fantastyske takomst.
As Loman gjin útwei mear sjocht beslút er om himsels te koart te dwaan, sadat syn frou yn elts gefal de premy fan de fersekering krijt. Hy krûpt yn’e auto en rydt himsels dea tsjin in beam.
De dea fan in hannelsreiziger is in moderne trageedzje oer in man, dy’t mei woe mei syn tiid, mar slachtoffer waard fan syn idealen en illúzjes. Tagelyk is it ek in oanklacht tsjin de prestaasjemaatskippij. Troch ‘flashbacks’ en fantasy-sênes oer syn tinken en syn idealen, krijt de taskôger in folslein byld fan de tragyk fan in ienfâldich man yn de moderne tiid.

Myn soannen

De fabrikant Joe Keller, in man dy ’t it skoan dwaan kin en ien fan de “pylders fan de maatskippij” is wurdt achterfolge troch syn ferline en úteinlik ta de ûndergong dreaun. Dreaun troch ynklauwerigens hat er yn de oarloch gammele fleantúchmotoren levere oan it leger. Dêrtroch hat er de dea fan ferskeidene piloaten op syn gewisse. Yn in proses skoot er de skuld yn ‘e skuon fan in sakefreon. Kellers posysje en oansjen liket ûnskansearre, mar syn wrâld stoart noch yn as er derachter komt dat syn soan net yn ‘e oarloch sneuvele is. Oan dizze “heldedie” ûntliende de heit in part fan syn gloarje. De soan is lykwols yn de oarloch al achter de tsjustere praktiken fan syn heit kommen en hat út skamte him tekoart dien. Ek syn soan Chris ferliest syn heit op it stuit dat er beslút it âldershûs achter te litten.
Joe Keller sjocht yn dat er allinne dreaun waard troch habsucht en in falske leafde tsjinoer syn bern. Brutsen benimt er himsels it libben. KOMMINTAAR:
Al is dit stik net sa ferneamd as “Dood van een handelsreiziger” of “Sjoen op in distânsje” (sjoch beskriuwing dêr), ek “Myn soannen” is in yndrukwekkend stik. It is maatskippijkritysk fan aard en skreaun yn de styl fan it realisme. Foar amateurs dy ’t ris in earnstich stik spylje wolle is it seker spylber.

HB

Sjoen op ’n distânsje

De havenarbeider Eddie Carbone is fan Italiaanske komôf en kriget twa neven fan Sisylje op besite. Hoewol ’t se gjin ferbliuwsfergunning ha, wolle se dochs in kânske weagje yn “het land van de onbegrensde mogelijkheden”. De ûnderlinge spanningen yn de te krappe wenning, wêr ’t de neven by Carbones ûnderdûkt sitte, wurde ûndraachlik as de jongste neef Rodolfo fereale wurdt op de dochter fan Carbone, Catharine. De gefoelens komme fan beide kanten, mar Carbone wurdt út bangens om syn “famke” te ferliezen, ferskriklik ôfgeunstich. Uteinlik ferriedt er de twa neven by de plysje. Yn in slimme rûzje mei Rodolfo’s broer Marco, wurdt er twong om de tjirgjende Eddie Carbone mei syn eigen mes del te stekken.
Yn de earste en lêste sêne fan dit stik hearre wy it kommentaar fan de advokaat Alfieri. Fan de (Brooklyn) brêge ôf fertelt er oer de dreamen en it tekoart oan kânsen fan dy minsken “dêr ûnder” yn in fersutere arbeiderswyk.

Kommintaar:
Troch it ramtferhaal fan de advokaat kriget it stik in bysûndere maatskippijkrityske lading. Alfieri lit ús, de taskôger, om samar te sizzen út ‘e hichte wei delsjen op it gewrot fan wat wy hjoeddedei
“kânsearmen” neame soene.
Yn dit stik hat Miller de sosjale oanklacht en it drama fan de jaloerskens op in knappe wize byinoar brocht.

HB