De ynbylde sike

De man is in ferbiten hypokonder, dy’t ûnder lieding fan in soad dokters en apotekers syn libben ferslyt op syn ‘siikbêd’. Op in dei beslút hy dat it tiid wurdt dat syn dochter trouwen giet. Yn ferbân mei syn sabeare syktes liket it him tige noflik om in dokter te hawwen as skoansoan, derhalve regelet hy dat. Syn dochter is hjir net fan sjarmearre, hja is al fereale op in oarenien. De heit lykwols jout syn dochter in kar-út: of trouwe, of it kleaster yn. Op in stuit spanne de broer fan de man en it tsjinstfamke gear en betinke in komplot tsjin de man om èn de plande brulloft tsjin te hâlden èn de frou, dy’t allinne om it jild by him bliuwt, te ûntmaskerjen. Kommintaar: In op en top komeedzje mei alle yngrediïnten. It is skreaun yn de 17de ieu, mei oare wurden, in grut tal teksten binne net mear fan dizze tiid, dat kin in neidiel wêze mar foeget wol in ekstra diminsje ta oan dit stik. Der wurdt in soad mei teksten boarte, bytiden rinne hja troch elkoar hinne en bytiden rinne hja lâns elkoar hinne. Dêrtroch is it gjin maklike komeedzje, mar as it slagget dan is it in súkses

De ynbylde sike

De man is in ferbiten hypokonder, dy’t ûnder lieding fan in soad dokters en apotekers syn libben ferslyt op syn ‘siikbêd’. Op in dei beslút hy dat it tiid wurdt dat syn dochter trouwen giet. Yn ferbân
mei syn sabeare syktes liket it him tige noflik om in dokter te hawwen as skoansoan, derhalve regelet hy dat. Syn dochter is hjir net fan sjarmearre, hja is al fereale op in oarenien.
De heit lykwols jout syn dochter in kar-út: of trouwe, of it kleaster yn.
Op in stuit spanne de broer fan de man en it tsjinstfamke gear en betinke in komplot tsjin de man om èn de plande brulloft tsjin te hâlden èn de frou, dy’t allinne om it jild by him bliuwt, te ûntmaskerjen.

Kommintaar:
In op en top komeedzje mei alle yngrediïnten. It is skreaun yn de 17de ieu, mei oare wurden, in grut tal teksten binne net mear fan dizze tiid, dat kin in neidiel wêze mar foeget wol in ekstra diminsje ta oan dit stik. Der wurdt in soad mei teksten boarte, bytiden rinne hja troch elkoar hinne en bytiden rinne hja lâns elkoar hinne. Dêrtroch is it gjin maklike komeedzje, mar as it slagget dan is it in súkses.

NB Fan dit stik is ek in fryske bewurking fan Alle G. Hof.

DS

De Krintekakker

Jild stiet foar macht. Dat is fan alle tiden. We wolle ryk en suksesfol wêze. We wolle de nijste telefoan dy’t alles kin, de hippe merkbroek, moaie bûntkraach. We wolle op stap, út iten en in laptop, leafst in Apple.
De frek Harpagon is deun en materialistysk. De iennichste leafde dy’t hy fielt is syn leafde foar jild. Leafde foar minsklik kontakt kin hy net. Yn de Krintekakker sjogge we Harpagon ryk en suksesfol mar hy einiget yn iensumens. De Krintekakker is in klassike karakterkomeedzje yn in modern jaske. Learsum en fermaaklik.

De streken fan Skarlún

As er werkomt fan in lange reis, komt keapman Argante der achter dat syn soan Octave yn de tiid dat syn heit der net wie, stikem troud is. Argante wol dit houlik daliks ûntbine litte, omdat hy ôfpraat hie dat syn soantrouwe soe mei de dochter fan syn freon Geronte. Geronte hat ek in soan, Leandre, dy ’t ta syn heite fertriet hopeleas fereale is op in sigeunerfamke. Dit leafdeslok komt yn gefaar, omdat it famke, Zerbinette, troch de sigeuners meinommen wurde sil, as Leandre net gau mei jild op ’t kleed komt.
De soannen roppe de help yn fan de tûke feint Skarlún. Dy slagget it, nei alderhanne yntriges, om oan de deune heiten it jild te ûntfytmanjen dat de soannen sa bitter noadich hawwe.
Yn it tredde bedriuw nimt Skarlún op hurdhandige wize wraak op Geronte, dy ’t him by syn jonge master yn diskredyt brocht hat. As de beide heiten der achter komme dat se troch Skarlún bedroegen binne, swarre se dat se mei Skarlún en syn streken ôfweve sille.
By tafal wurdt dan ûntdutsen dat de twa earme froulju, om wa’t it allegear begûn is, yn feite de dochters binne fan Argante en Geronte. De heiten respektearje de kar fan de soannen en alles kin sa útrinne op in “happy end”, sa as wênst yn elke goede komeedzje.

De trochdraver

Maskeriljas is de feint fan Orantijn, dy’t fereale is op Sofie, de oannommen dochter fan Traldijn. Maskeriljas moat Orantijn helpe om dizze Sofie oan de heak te slaan. Ek de frekkige Anselmus, de heit fan Hippolite, freget Maskeriljas om him te helpen om syn ferloofde Neryna oan de heak te slaan. De heit fan Orantijn, Pandolfus, wol him trouwe litte mei Hippolite. mar dit frommeske wol dat alhiel net omdat se sljocht is op Leander, in oare jongfeint. Ek Hippolite wurdt “holpen” troch Maskeriljas om Leander te krijen. As men alles op in rige set giet it de jongelju louter en allinne om de leafde en giet it de âlders om it jild. (wat se net hawwe en troch dizze houlikken faaks wol krije kinne). Maskeriljas is yn dit stik kompleet in keppeler, oftewol ‘de Feint fan twa masters’ en Anselmus ‘de Vrek’
Makeriljas wurdt sels noch de feint fan Leander om op dy wize dochs noch oan jild te kommen. Om alle fiten dy ’t Maskeriljas úthellet om it al syn bazen nei ’t sin te meitsjen soe wat te fier gean, wol is dúdlik, dat wat er ek úttinkt, syn baas Orantijn wit it altyd wer te bedjerren. Oan de ein sil Hippolite mei Leander trouwe en stiet Sofie neat mear yn ‘e wei om mei Orantijn te trouwen. En sa komt alles op syn/har poatsjes te lâne.

De boarger edelman

In rike keapman byldet him yn dat hy fan aadlike komôf is. Om by de hearen en dames fan stân yn in goed bledsje te kommen, wringt hy him yn de meast komyske bochten.

Monsieur Jourdain hat it heech yn ‘e bol. Hoewol ‘t hy mar in keapman is, is hy it leafst yn it selskip fan de adel. Hy hat genôch jild om djoere klean oan te skaffen en om him te bekwamen yn sport, keunst en wittenskip. Hy hat in skermlearaar, in muzyklearaar, in dûnslearaar en in filosofielearaar yn tsjinst. As in parmantich man lit hy him ûnderwize, wylst er gjin inkeld talint hat. Jourdain wurdt, sûnder dat hy dat merkt, troch elkenien foar de gek hâlden. Oan it ein stiet er echt foar skut mar ek dan libbet er yn ‘e waan dat er in man fan ‘e wrâld is troch waans ieren blau bloed streamt.
De moraal fan dit ferhaal: wa’t heech fljucht kin leech falle.

De hear Van Ocksefurd

Jildau en Loadewyk binne fereale en wolle trouwe. De heit fan it famke, in begoedige boarger, wol har ta ha oan de hear Van Ocksefurd, in aadlike boer ut Keallegea, dy’t dêr in grou stik jild foar betelje sil. Tsjin it sin fan de jongelju fansels. Loadewyk betinkt dêrom mei syn feint Skarlun- de klassike skelmefiguer- alderhanne snoade plannen om de hear Van Ocksefurd foar de winige doar komme te litten. Van Ocksefurd wachtet dan ek in wiere nachtmerje. Dokters prate him siik, aptekers steane klear mei klystearspuiten en bloedsûgers, advokaten betichtsje him fan mearwiverij, rjochtstsjinners wolle him oan ‘e galge bringe, en hiersoldaten ûntnimme him syn lêste bytsje selsrespekt. By eintsjebeslut reizget er as frou ferklaaid en ûntsien fan alle ylluzjes ôf.
De jongelju krije mekoar. It feest kin begjinne. In fleurich folksstik, mei sang en dûns.

Amphitryon (of: Godlik Fertier)

Mercurius, de godlike boadskipper fan Jupiter, freget oan Nacht om noch wat langer te bliuwen sadat oppergod Jupiter syn gong gean kin.
Jupiter hat nammentlik in eachje falle litten op Alkmene, de frou fan de Thebaanske generaal Amphitryon. Yn it stal fan Amphitryon is hy op Alkmene tastapt en hat mei har de nacht trochbracht. Foar har wie dat de earste houliksnacht, om’t Amphitryon krekt foar dy tiid nei it slachtfjild moast. Mercurius hat op de selde wize Sosias, de feint fan Amphitryon, bedragen mei syn frou Cleanthis, it tsjinstfamke fan mefrou.
As Sosias foar syn hear midden yn’e nacht thús komt fynt er Mercurius as syn evenbyld op syn paad. De ferbjustere en (tige komyske) Sosias lit him syn identiteit hiel wat makliker ôfpakke as syn master: dy kin en wol net leauwe yn it ferhaal fan syn frou en fielt him troch har bedragen. Alkmene besiket te bewizen dat se him wol trou wie, mar Jupiter, op’e ny yn it stal fan Amphitryon, stjoert dat yn’e war en no is it Amphitryon sels, èn Sosias, dy’t foar de oaren (ek foar inoar) as de bedragers oer kommen.
Oan it ein iepenbearret Jupiter him dochs noch as de ‘wiere’ bedrager.
PS Spile troch Tryater yn 1991-1992.

De ynbylde sike

De âlde Argan hat him ynbyldet dat er deasiik is. Syn frou Béline docht har bêst om dit gefoel noch te fersterkjen. Se hat belang by syn jild en hellet dêrom noch in pear dokters yn ‘e hûs om by Argan de panyk noch grutter te meitsjen. Argan hat grut respekt foar de medisi en jout ien fan harren, Diafoirus, tastimming om mei syn dochter Angélique te trouwen. Angélique wol net, sy is fereale op Cléante. Dan komt de tsjinstfaam mei in moai plan: Argan moat dwaan oft er ferstoarn is. Sa komt hy te witten hoe’t de famylje reagearret; Angélique is ferslein, mar syn frouw is bliid.
Foar Argan is no alles dúdlik. Hy nimt ôfstân fan syn frou en lit Angélique mei Cléante trouwe, wol op de betingst dat Cléante foar dokter leart.
Ien fan de bekendste stikken fan Molière dat lykas de measte blijspullen fan dizze skriuwer al sa’n trijehûndert jier repertoire hâldt.

De nepert

Yn it hûs fan de nepige Harpagon binne de bern net gelokkich. Dochter Elise hat in freontsje, dy’t fan goede komôf is, mar sûnder jild, om’t hy syn famylje ferlern hat. As húsfeint hopet dizze Valère by de heit yn ’t geflaai te kommen, sadat dy faaks dochs noch ris tastimt yn in houlik. Mei Cléante, de soan fan Harpagon, is net net folle better.
Ek hy is fereale wurden en wol op in famke dat ek fan ‘e regel rekke is. It komt ta in heftige konfrontaasje as Cléante jild liene wol om har leafste te helpen. De anonime jildsjitter, dy’t him tsjin in woekerrinte en absurdyske easken, jild liene wol, blykt nimmen oars te wêzen as syn heit. De saak wurdt noch slimmer as blykt dat de âlde nepert ek noch trouwe wol mei in jong famke dat nimmen oars blykt te wêzen as de leafste fam Cléante. Dat houlik hat hy regelje litten troch in keppelster, dy’t de ferearme oantrunet om it oanbod oan te nimmen. Ek de dochter wol de heit úthoulikje oan in âldere man, dy’t gjin breidsskat freget en foar him dus in foardielige partij is. By in – tige sunich! – iterijke, dêr’t Harpagon de ferloving fan him en syn dochter bekend meitsje wol, nimt Cléante wraak. Hy sprekt, saneamd
neffens syn heit, syn leafde út foar Marianne en ûntfytmannet in kostbere ring fan syn heit dy’t hy nammers him oan har kado jout.
De saak komt ta in útbarsting, as de jildkiste fan Harpagon stellen is. Hielendal bûten himsels ropt hy de plysje en fertinkt eltsenien. Uteinlik komt Cléante mei it kistke op ‘e lappen. Syn heit kin it weromkrije as hy ôfstân docht fan Marianne en Elise trouwe lit mei
Valère. It ‘happy end’ wurdt noch oerdondere as blykt dat de man oan wa’t Harpagon syn dochter úthoulikje woe de heit fan Valère én fan Marianne is. Allinne mei syn dierbere jild bliuwt Harpagon efter.
KOMMINTAAR:
It plot fan De Nepert is basearre op in komeedzje fan de romeinske skriuwer Plautus (1ste ieu foar Kristus). It is in prachtige klucht mei in soad misferstannen, prachtige karikatueren en dolkomyske situaasjes. Wat Molière der foaral oan tafoege hat is it feit dat ek de nepert sels op frijersfuotten wol. Neist it bespotlik meitsjen fan de deunens is it wichtichste tema fan ‘De nepert’ it rjocht fan jonge minsken om te trouwen mei immen fan harren eigen kar. It konflikt spitst him lykwols ta op de konfrontaasje tusken heit en soan dy’t beide deselde beminden wolle. Dêrmei giet it stik ek in bytsje oer it rjocht op leafde fan âlde minsken. Harpagon kin dy langstme nea ferwêzenlikje om’t hy net oars kin as alles dat wearde hat yn jild út te drukken. Mar ek de jongelju sels reitsje oantaast troch de deunens fan de heit. Valère ferleagenet syn freondinne om syn flaaikjen folhâlde te kinnen en Cléante lit har ferliede ta in regelrjochte fernedering fan syn heit. As Harpagon úteinlik allinne efter bliuwt mei syn jild, priuwe wy (mear faaks noch as Molières tiidgenoaten) ek in tragyske kant oan dizze klucht – nettsjinsteande, of miskien wol krekt troch it oerdiedige ‘happy end’.
Mei oare wurden, in klucht fan nivo.
NB Dit stik is yn ‘e sechstiger jieren troch Geart Jonkman oerset. Letter is dy oersetting op ‘e nij besjoen troch Romke Toering. Yn 1991 hat Wiesje Jansma it nochris ferfrysket.

HB