Stimmen oan de oare kant

In bûtengewoan spannend spiritueel toanielstik foar ferieningen dy it publyk grizelje litte wolle. It spul begjint yn de achttjinde ieu, wêr inkelde ûngelokkige earme sielen ophongen wurde yn in gerjochtsgebou. Ieuwen letter, yn dizze tiid, is it gerjochtsgebou omboud ta wenhûs. Evalien Verhoeven, in nochtere frou dy`t oant betterjen is fan in skieding, komt mei har suster en dochter yn it hûs wenjen. In searje eangstige barren begjint. Der sweve geasten yn it iuwenâlde pân om en dy ha it op dochter Evie fersjoen. In serieuze thriller wêryn hja gebrûk meitsje kinne fan spannende effekten, dy`t maklik te realisearjen binne. In thriller dy`t sels de meast nochtere minsken ta it ein yn`e besnijing hâldt.

Ferhaal:
Dit spul befettet in apart en orizjineel ferhaal. De earste útkomst spilet him ôf yn de 18e ieu. Wy befine ús yn in rjochtseal. Fjouwer fertochten wurde dêr ta de dea feroardiele. Dit bedriuw is ien en al fertriet en ûnrjochtfeardich. Ek de spikerhurde rjochtspraak út dy tiden sil wiidweidich nei foaren komme. Alhoewol fiksje, leit dit net fier fan de wierheid. Rjochtspraak yn dy dagen wie net te fergelykjen mei wat wy no kenne. Wannear de fjouwer fertochten ophongen wurde, yn dizze selde romte, geane wy fierder mei it twadde bedriuw fan dit toanielstik. Yn it twadde bedriuw meitsje wy in tiidsferrin nei hjoed de dei. Wy befine ús yn itselde gebou. No gjin gerjochtsgebou mear, mar omboud ta in wenhûs. De bewenners ha gjin flau benul fan de ferskriklike tafrielen dy him hûnderten jierren lyn yn harren húskeamer ôfspile ha. It wurdt ús subtyl en stadich dúdlik dat der wat net yn`e heak is. Evie, de dochter, kriget regelmjittich besite op har sliepkeamer. Se praat mei de ferstoarne minsken dy yn har hûs terjochte steld binne. Evie wurdt net begrepen en har mem is bang dat se gek wurden is. Uteinlik skeakelt se dochs help fan in parapsycholooch yn. Oft hy yn steat is om te begripen wat de omdoarmjende geasten wolle, is noch mar de fraach. Wa begrypt de; Stimmen oan`e oare kant?
In spul dat it begryp “ spûkferhaal” in oare draaiïng jaan sil. Lykas earder beskreaun. Men is yn steat om mei dit spul it publyk grizelje te litten.

Sfear setting:
De sfear moat yn it earste bedriuw oars wêze, as yn it twadde en tredde bedriuw. It earste bedriuw is nammentlik it begjin, de kearn fan dit ferhaal. Wy witte no dat it wenhûs ienris in rjochtbank west is, wêr de ferskriklike foltere en eksekúsjes plak fûnen. Wichtich: Yn it earste bedriuw is de romte in rjochtseal, en letter wurdt dit in wenhûs yn it twadde bedriuw. Hja meie sjen dat de keamer troch de rin der iuwen feroare is. Echter moatte der wol kearnpunten bliuwe, dy yn de 18e ieu en op dit stuit noch altyd itselde binne. Bygelyks in nis yn de muorre of in sierlist dy`t der altyd al hongen hat. Dat is nammentlik de magy fan dit toanielstik: Wat barde der doe en wat bart der no, yn dizze selde romte. It publyk is ommers de iennichste dy ’t tsjûge west is fan de ferskrikkingen dy plak fûnen yn de 18e ieu. De spilers dy it gesin Verhoeven spylje witte net dat harren húskeamer iuwen lyn in rjochtseal wie. Dit makket de situaasje spannend en bizar

Falske memmeleafde

Leonie Vlek hat it net maklik. Har mem, Cynthia, is in aakliksma dy`t gjin sprankeltsje leafde foar har fielt. Slimmer noch: Cynthia liket sels har tige bêst te dwaan har dochter sa ûngelokkich mooglik te meitsjen. Al sûnt har bernejierren is Leonie it wend om as in slavinne behannele te wurden. Wylst Cynthia as in dwylsinnige besiket om in bestjoersfunksje te bemachtigjen yn it Dames- komitee foar Woldiedigens, siket Leonie wat treast by har freon Paul. Dit ferrint net sûnder wryt of slyt, want Cynthia docht alles om harren leafde te rampoaien. Dan komt der in nije buorfrou yn`e strjitte wenjen. Sy komt op ûnferwachte mominten binnenfallen en siket dúdlik nei WAT. Stadichoan wurdt dúdlik dat Cynthia in tsjuster geheim te ferbergjen hat. Ien ding is wis: Leonie har libben sil nea wer itselde wêze.

Skiteldeftich en rosmos

Troch in ûngelokkich tafal kriget de asosjale famylje Stomp nije buorren. De elitêre famylje de Prael fan Goudenjagt komt neist harren wenjen. Dizze deftige minsken sykje in tydlik ûnderkommen wylst harren nije filla boud wurdt. Hja hiene gjin minder adres treffe kinnen. De spanningen tusken de famyljes rinne heech op. Se helje elkoar it bloed ûnder neilen wei. Der ûntsteane fûle konflikten. En wannear der in net winske leafde opbloeit, is it kermis yn`e hel……

De gouden koets

Ron de Vos is eigener fan in moai apparteminten kompleks. Spitigernôch kinne de bewenners it net altyd like goed mei elkoar oerwei. Altyd hawwe se wol wat op elkoar oan te merken, of gunne se elkoar it ljocht net yn`e eagen. Op in dei komt der in nije buorman op it aljemint. De hiele buert is yn trewyn. Alle frijgeselle froulju binne hiel nijsgjirrich nei him. Mar docht de nije buorman net in bytsje frjemd? De froulju lykje der neat fan te merkbiten. Dan bart der wat wûnderbaarliks. De buorman wol in sêre oan syn hûs bouwe, en tref tidens de graafwurk in sek mei goud oan. Al gau komt de leginde fan de “Gouden Koets “ him oanwaaien…..en dan begjint de gaos pas goed.

Kaviaar mei smartsiis

Troch in ûngelokkich tafal kriget de asosjale famylje Stomp nije buorren. De elitêre famylje de Prael fan Goudenjagt komt neist harren wenjen. Dizze deftige minsken sykje in tydlik ûnderkommen wylst harren nije filla boud wurdt. Hja hiene gjin minder adres treffe kinnen. De spanningen tusken de famyljes rinne heech op. Se helje elkoar it bloed ûnder neilen wei. Der ûntsteane fûle konflikten. En wannear der in net winske leafde opbloeit, is it kermis yn`e hel……