Net foar de poes

7 fammen ha in reuny fan skoalle op in eilân. Trije dagen yn ôfsûndering sûnder mobyltsje of sokssawat. Der is in tsjinstfamke dat de boel wat skjinhâlde moat. Roas dy’t it dit jier regelt is de noflikste kant it neist.
Se ûntdekt dat de tartaar iepen stien hat, mar lit it earst de kat priuwe. As de kat it ha wol, moat it hast wol goed wêze.
De faam komt letter op de jûn om te fertellen dat de kat dea is en der brykt panyk út.
Elk wol oerlibje en betinkt wat om it fergif te neutralisearjen. Gelokkich hat ien fan de fammen Norit mei tsjin de skiterij.
Net genôch foar allegearre…
Oan de ein blykt dat de kat stoarn is mei de kop tusken de foardoar.

Heksesop en toverbrij

By it kampfjoer sitte bern. Sterke ferhalen wurde ferteld oer boskdúvels en oare spannende dingen. De iene helte fan de bern is bang, de oare net (sizze se) Dan geane se yn de tinte. Dêrnei komme de heksen op it toaniel. Se binne lilk omdat harren plakje yn it bosk ynnaam is troch bern. Se betsjoene de bern en dy sliepe sa djip dat se nergens wekker fan wurde kinne. Utsein Anna, dy sliept net. Dan komt der in Ingelske professor en der komme heksejagers dy’t de heksen wer pakke sille. De heksen naaie út, mar komme letter wer. Dan hat Anna al in plan makke om alles te rêden en dat slagget fansels ek

Kening Wa?

It ferhaal spilet yn in bosk op in iepen romte. De kening fan it bosk is dea. Dit wie in kening sûnder paleis, in deagewoane houthakker. De elfkes en de trollen wolle de baas fan it bosk wurde, se meitsje altyd rûzje….Wa wurdt de baas fan it bosk?

De Saakwaarnimmer

Arend en Froukje nimme fjirtjin dagen de honneurs waar op de boerekamping, om’t de boer en syn frou mei fakânsje binne. Mar alles rint yn ’t hûndert en besykje dat marris op te lossen. Oan de ein komt it allegear goed. Arend is net handich, wol dat net witte en kin it net ha dat de sneonshelp Hindrik linich alle putsjes opknapt. Stadichoan moat Arend syn ûngelyk tajaan en mei Hindrik Annet, de dochter fan Arend en Froukje, yn syn earmen slute. In fleurich stik mei aksje.

Finne yn ‘e piste

It ferhaal spilet him ôf yn it sirkus. Tidens it bearenûmer wurdt it jild út ‘e kassa stellen. Telstra, de man achter de kassa moast even nei it húske en doe ha de dieven taslein. Ek it foaiepotsje ha se meinaam. De plysje wurdt der byhelle en dy sette de tinte ôf. Der mei gjinien mear yn of út. Dan wurdt it jild fûn yn de grutte flapskoech fan klown Flappie. No de dief noch. Gelokkich is de bear yn it sirkus in hiel tûken-ien.

De steande mêst route

Fleurige gekoanstekker mei ferskes.
Skip mei passagiers ûndersyket it trajekt foar de steande mêstroute. De bemanning is ynhierd troch projektûntwikkelers. De belangen fan ferskate minsken – piraten, doarpsnotabelen, gemeenteamtners – is ferskillend. Elk probearret op syn eigen wize de route te be-ynfloedzjen.
Skoalben moatte de saak rêde.

Moeras

Afke hat in sprekbeurt oer moeras. Har dream dêroer rint folslein út ‘e hân mei rûzje tusken boeren streupers en aksjegroepen. As alles ferlern liket te wêzen wurdt hja wekker.
Taspitst mei ferskes op Warten en omkriten

Bidlerij

Fleurige musical oer muzyk stjerren dy ’t it heech yn ‘e holle ha en skjinmakkers dy ’t ek wol sjonge kinne yn in fleurige betizing. (Sels fyn ik dit ien fan myn bettere musicals).

De nije boppemaster

De boppemaster giet fuort en hjoed sille de bern yn’e kunde komme mei de nije kandidaten. Se sille mei-inoar in kar meitsje.
– Master Stokje. In âld soldaat. Hy stiet tige op syn strepen. Hy sil de etterkes wol efkes temme. De bern nimme him te fiter: geef acht, en Stokje springt yn’e hâlding. Ingerukt mars, en Stokje rint de klas út.
– Master Watje. De namme seit it al: in sêftenien.
– Juf von Frúger. Dizze hantearret de âlde lêswize: yn’e hoeke, aap noot, mies, ensfh.
– De moderne Juf (“sis mar Erna”). Se begjint fuort mei ierdrykskunde. Se freget de bern “hoe komst yn Kuba”. Bern: “oer de Krúswetters nei Earnewâld en der ôfslaan”. Juf fielt dat de bern har te fiter ha en set ôf.
– Master Digi. Dy’t oars net lesjaan wol as mei de kompjûter. Mar ja dizze skoalle hat mar 2 kompjûters.
Dan ferskynt in gewoane flotte master. Dit is de nije, hy hat sin oan syn wurk en it liket de bern skoan ta.
In tal bern hawwe tekst en fierder sjonge mei-elkoar tapslike ferskes.

Unwaar yn’e loft

Dizze ienakter hat in tige modern tema: in oannaam bern wol witte wa’t har biologyske âlders binne. Net dat se it by heit en mem net nei’t sin hat, krekt oarsom, se is mâl mei harren dat se der eins net oer begjinne doart. Se besiket om har achtergrûn te witten te kommen fia de bernebeskerming en letter, ek mei help fan heit en mem, slagget dat. Se giet mei har freon nei’t fiere lân dêr’t har roots lizze… mar yn Fryslân wenje heit en mem!

Gesanger

In ienakter foar jongerein mei in ferskaat oan persoanen;- Gabbertype, Countrytype, Kakkertype ensfh.
Gina en Linda sitte te wachtsjen. Se sille audysje dwaan by in band. Linda is senuweftich, Gina sit te gapjen, se is wurch. As Linda as earste fuortroppen wurdt falt Gina yn sliep en dreamt. Se dreamt hoe’t de audysje ferrinne sil; in “meidengroep”. mei Laurym as soliste praat nei in optreden noch efkes nei. De froulju binne yn 2 partijen ferdield. Dan wurdt der mei Gina oefene en Dolly en Lydia binne entûsjast. Linda en Laurym bliuwe by Igor oan’e bar hingjen. Linda seit dat Gina foar in moanne op proef komt. Laurym en Igor betinke fan alles om it Gina net maklik te meitsjen, haat, jaloerskens, mekoar bedrage, ja sels har klean wurde stikken knipt. Allinne Johnnie komt foar har op. As nei allerhande strideraasje de band wer spylje sil, komt der reek út de boxen, sadat elkenien yn panyk fan it toaniel giet. Allinne Gina net, dy sit noch op har stoel te dreamen, oant deselde jongkearel dy’t Linda rôp opkomt en seit dat it no har beurt is foar de audysje. De jongkearel is…Johnnie.

It testamint

Pake sil, neidat se mei-inoar iten ha, útlis jaan oer de feroaringen yn syn testamint. syn bern en bernsbern binne oanwêzich en fansels ek syn nije freondinne! De boekhâlder moast alle besittingen/oandielen op papier sette, hy is fan Pake net gewaar wurden wat hjirfan de bedoeling wie. Ek de broer fan Pake mei syn dochter sil tsjûge wêze fan de útlis fan it testamint. Foardat it safier is geane Pake en syn jonge freondinne tegearre noch efkes nei boppen. En wat dêr bart… Yn ’t neifolgjende spul sjogge wy Pake ûnder oan’e trep lizzen. Hy is dea. En wa is de dieder, wat is de oarsaak. Is it fergiftiging? Der binne minsken mislik wurden nei it iten fan de paté. Faaks in hertoanfal? Rûzje mei Trude? Of freget syn jonge freondinne tefolle fan syn âlde lichem? It is ek mooglik dat de freandinne bekend hat dat se net fan him hâldt mar allinne om it jild mei him giet! Hat de boekhâlder faaks yn de boeken knoeit en draait soks op rûzje út? Ien triuwke is faaks genôch; dan is it moard! En wat bart der tusken Pake en pakesizzer, in ûnnoazel fanke, dy’t noch och sa boartlik is en graach tikboartsje wol. Is sy de dieder? Wy sjogge koarte sênes weryn alle mooglikheden útspile wurde.
In útdaging om te spyljen.

De peaskehazze

In hongerige wolf makket it bosk ûnfeilich, kabouters en bern flechtsje foar him, de Peaskehazze hat er al te pakken. Jagers besykje him te sjitten, mar de wolf is liep. Hy ûntnadert harren sels it gewear. Dan bart der in wûnder in famke komt mei hûnebrokjes en de wolf wurdt sa nuet as in do. Hy wurdt werom brocht nei syn âlde stek, de bistetún. No kin de hazze him wer feilich mei syn aaien dwaande hâlde en bern en kabouters kinne wer yn’e bosk boartsje.

It spoekkastiel

Boeven ha de baronesse en har soan yn’e macht. De baron is lyts man makke troch it sizzen dat, as er net docht wat sy fan him easkje, syn frou en soan it der net libben ôfbringe sille. Mei help fan fakânsjegongers dy’t foar spoek spylje en de plysje wurde de boeven by eintsje beslút ûntmaskere.
It stik is sa ynelkoar set dat heiten en memmen der niget oan ha sille. Foar bern is it fansels prachtich om as spoek, plysje of deftige baron of baronesse te spyljen.

It roekehoekje

Yn moadewinkel ” It Roeke-hoekje” is foar de tredde kear ynbrutsen. It is in elk in riedsel wa’t de dieven binne. De fersekering bynt de eigner op’e hert in alarm oan te skaffen, oars wurdt er út’e fersekering wipt. De plysje docht har bêst (mar is net al te snoad) sadat by eintsjebeslút it persoaniel mei de eare en de beleanning striken giet.

No net, dan net, nea net.

Der moat foar de sike kening in opfolger komme en hy en de keninginne fine út om ien fan harren fiif dochters trouwe te litten mei de Prins fan grut Lânshiem. De Prins is fan harren plannen op’e hichte en ferhiert him by it hôf as túnman. Sa hat er de gelegenheid de prinsessen yn harren dwaan en litten kennen te leren.

Frijheid

Gjalt wol frij man wêze en bliuwe. Hij wennet op himsels mar hy bakt der mar in bytsje fan.
Syn mem is in albedil en besiket him op ’t rjochte paad te bringen: better op himsels passe, geregeld wurkje, op’e tiid op bêd en syn hûs skjin hâlde. Syn jongere broer Jan wurdt him ta foarbyld steld: dy is sunich, dy drinkt net en is deeglik ferloofd mei in deugdlike faam! Fansels fynt Gjalt syn broer in âld keardel mei in saai libben…. en om foar altyd fan it geëamel fan mem ôf te wêzen betinke hy en syn maat Pibe in prachtich plan. Se sille mem wolris wat sjen litte en roppe dêrby de help yn fan Bé, in frommiske dat aardich toanielspylje kin. It giet allegearre dat it slydjaget, mar hoe’t it mei Gjalt syn frijheid komt?

Spultsjes

Eabe en Anneke (spantsje) en Gryt sitte harren yn in kafee te ferfelen. Eabe tysket wakker mei syn sigarette-oanstekker om, de froulju jeuzelje mar wat. Dan stelt Anneke foar om in spultsje te dwaan: riede wat de man, dy’t oan ‘e bar sit, docht, oft er troud is, hoefolle oft er fertsjinnet en al soksoarte fragen mear. It rint wat út ‘e hân en de man fernimt dat hy, sûnder der yn kend te wêzen, yn harren spultsje behelle wurdt.
Op in stuit seit er dat hy mei harren ek wol in spultsje dwaan wol. In frjemd spultsje: gokke om ‘e trouring fan Eabe en noch slimmer: om Eabe syn pinke! Hy set dêr f. 1.000,00 èn syn nije auto foar oer… Anneke wurdt bang en ek Gryt stiet it net; dy set ôf. Mar Eabe wol net lyts man wêze en giet it aventoer oan, dat – krekt op ‘e tiid – troch tuskenkomst fan de man syn oare helte, noch goed beteart. Sy is it libbene bewiis fan wêr’t ferslaving ta liede kin!…