Fan de rein yn de tonger

Hotse en Sytse, twa bruorren – ferhurde frijfeinten – wolle sa te sizzen foar in sint wol dea om in dûbeltsje te krijen. Sadwaande is ’t der foar in húshâldster kwalik te bankjen. De neperts kleie der har need oer by Age Bakje, in winkelmantsje, hoe rij as dat frommes fan har, ‘dy Teatske’, wol net is. Age wit op syn manear wol rie: Teatske wurdt mei syn eigen húshâldster – in baas – fan plak ruile, en dy wit de mannen handich ûnder it plak te krijen.
In floatich stikje, dêr’t omraak spyljen yn sit.