Efter de kimen

It tema fan de boer, dy’t syn soan de pleats tatocht hat en dêr yn teleursteld wurdt, is net bepaald nij te neamen. Mar de motiven fan dizze soan, Anders Annema, foar heit syn desillúzje binne it op it toaniel dochs grif wòl (al is it oarspronklike stik dan ek al jierren âld). Hy giet nei see om in leafde foar Richt, syn broer’s faam, net skine te litten en om fierrens kwyt te reitsjen. Mar dat slagget him min en as er trije jier letter (as heit fan fertriet ferkwynd is) thúskomt, de pleats der fertuteaze hinne leit om’t syn broer (Rommert, de dreamer) net foar it spul berekkene is, en boppedat Richt en hy yn earmoede en disharmonije libje, begjint foar Anders de striid op ‘e nij: bliuwe of fuort.
Hy giet wer fuort… mar fiif jier letter komt er – om ûntspanning te sykjen foar syn drok sakelibben om utens – werom, en no yn in folslein (ek geastlik) teheistere húshâlding mei in deasike Rommert. Wat no??
Op en út in karakter-stik.
NB Dit wie it earste jûnfoljende toanielstik fan O’Neill.

Traan

Kaptein Keeney hat op in reis mei de walfiskfarder “Atlantic Queen” syn frou meinommen – in ferdivedaasje dy’t har wol past yn har ienlik bestean fan ivich allinne. Mar se treft it net; wiken oanien is it iis en nochris iis wat se sjogge en de kaptein wegert om werom te gean, ek al is der gjin útsicht op better en moat er geweld brûke om de farrenslju del te bêdzjen. Kapteinske bidt en smeekt him op hûs oan te gean – de grutte einsumens en de sfear fan it wrede libben oan board driget har gek te meitsjen.
Op ’t lêst jout er krimp, mar krekt op dat stuit sjugge se yn ‘e fierte iepen wetter en de konsynjes wurde fuortdaliks feroare om einlings de grutte slach oan te gean.
Mar no wurdt it de frou te folle. De kaptein stiet efkes yn twastriid, mar syn eargefoel – in skip fol traan thús te bringen – wint it.