De jûntiid fan it libben

Efter op it toaniel kin in dekôr, fan in aldereintehûs wêze mei in bankje derfoar.
Sibbele en Janne binne beide wat allinne, en sitte wol gesellich te praten oer fan alles en noch wat. Nei wat gepraat komme se derefter dat ze noch fiere famylje binne, en dêr moat op dronken wurde.

Op fakânsje

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Wy sjogge de sydkant fan in auto mei in karke der achter fol mei guod. Efter it stjoer Sybe, neist Sybe Saapke, efter Sybe Gepke en efter Saapke Gurbe. Saapke en Gurbe sitte leger yn ‘e auto. Saapke en Gepke binne wat simpel. Yn it karke fan de auto sit û.o. kratten bier, húskepapier, krat kola, opblaasde luchtbêden, frituerpanne, grutte draachbere radio en túnstuollen. Ek moat der in koai by mei in pear hinnen, in koai mei in hûn soe ek moai wêze. Ensfh.
Heit en mem geane mei hun beide bern op fakânsje nei Ausfaart yn Dútslân, se witte net wêr it leit, mar in frou fan it folksdûnsjen die hun dy tip. Wylst de bern ûnderweis ut de broek moatte komt der in plysje foarby, en dat jout hiel wat konsternaasje.

Tom Tom

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Der kin in auto op it toaniel, as in foarkant fan in auto. Siebe is deeglik klaait, mar hat wol in koarte broek oant krekt oer de knibbels. Ek Saapke is âlderwetsk klaait, sûnder smaak. In petsje foar Siebe en in huodsje foar Saapke soe ek moai wêze.
Siebe en Saapke sille mei de auto nei ien fan de bern. Siebe hat op heitedei in Tom Tom krige, en dy sille se no brûke. Sy tinke dat de frou fan de Tom Tom hun op ien as oare manier sjocht en heart, en dat jout stof tot laitsjen.