Om it libben fan Lyfke

Olive Tuttle, in frou fan achter yn ‘e fyftich, wennet op harsels yn in grut âld krot en komt oan ‘e kost mei it sammeljen en ferhanneljen fan fodden. Trije yndividuën, Bradford, Salomon en Gloria, besykje troch in nep-hannel yn rûkersguod har kostje op te rinnen.
Se komme yn konneksje mei Olive, dy’t har lege fleskes leverje kin foar harren hannel. Sadwaande komme se op in oar idee, om noch gauwer en makliker oan mear jild te kommen. Se meitsje Olive kompanjon yn har saken en slute in libbensfersekering op har ôf om har letter út ‘e tiid te helpen.
Dat lêste wurdt dan mear as ien kear besocht, mar it slagget om de ien of oare reden hieltyd mar net. Dêr komt noch by dat Olive harren hieltyd mei mear leafde en soarch oanhellet. Se giet dêryn safier, dat se har op it lêst wol tekoart dwaan wol om ien fan har freonen út ‘e hannen fan ‘e plysje te hâlden.
As de saneamde freonen har beskamsum ferlitte wolle, smeket se harren by har te bliuwen; oars soe se alhielendal gjin freonen mear hawwe…

Leafde op’e seisde ferdjipping

In klassike trijehoeksferhâlding: wylst har man net thús wie, hat syn frou mei in freon op bêd west. As de man ûnferwachts thúskomt, moat der foar soarge wurde dat de beide manlju inoar net tsjin’t liif rinne. Mei wat ferlechjes, weikrûpboarterijkes en ymprovisaasje slagget dat aardich. De brike sitewaasjes dy’t sadwaande ûntsteane, hâlde de fleur der wol yn.