Fakânsje yn Aldegea

Durk en Trynke Túnier ha fia in advertinsje in fakânsjewenning hierd yn Aldegea. By it fakânsjehûs oankommen, leit de kaai net op it ôfsprutsen plak en der is nimmen. Uteinlik komme se troch de efterdoar, dy’t los stiet dochs yn de wenning, dêr’t se miene rjocht op te hawwen. Der binne lykwols dingen dy’t net doge. De advertinsje wurdt der nochris byhelle en ek de ôfkoartingen wurde foarlêzen. Der wurdt besluten om te bliuwen as de kaaien fûn wurde. Der ûntsteane brike situaasjes as de plysje ferskynt, dy’t troch de buorfrou warskôge is. Foaral as der in portefueille fûn wurdt dy’t fan de bewenner fan it hûs is.
Dy bewenners, Halbe en Doete Broekman, binne tige hastich op reis gien nei Spanje. Underweis blykt dat se sûnder jild en paieren sitte. Thúskommen skrikke se nochris, want wa binne de fakânsje fierders yn harren hûs? As úteinlik blykt dat Durk en Trynke yn it oare Aldegea in fakânsjewenning hierd ha, drinke se earst mar in bakje kofje en sil Halbe harren te plak bringe. In fleurige ienakter.

In wike op Skylge

Roza Sickinga -in rike dame- is mei har ferpleechster -Yfke- in wike yn in hotel op Skylge. Har fertrouwensman Dicky -in waad-rocker- komt út en troch fan’e fêste wâl oer. Oare gasten binne Jelmer Wieringa, Annet syn 2e frou en Hanny in dochter út syn earste houlik. As miggen op’e sjerp komme lytse en grutte profiteurs ôf op’e rykdommen fan Roza. Sa is dêr Rudmer, de dûnsmaster: op it earste gesicht liket er hiel ynnimmend, mar dat blykt letter oars út te pakken. It is ek in pynlike konfrontaasje foar frou Holwerda, de eksploitante fan it hotel, sy hat ferloofd west mei Jelmer mar dy hat har stikke litten foar Annet. Jelmer hat jildpine en Rudmer en hy wedzje om de echtheid fan it parelsnoer fan Annet. As Rudmer al te gemien wurdt komme Dicky en Yfke yn aksje.

Nei tsien jier

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn ‘e hûs. Hike is in pensjon begûn.
Om Jehannes te helpen dy’t djip yn ‘e skulden sit, wol Hike har hûs ferkeapje mei rjocht op hier. Jan Nijdam, dy’t graach mei Hike trouwe wol, wol har oars wol helpe, mar Hike hat altyd noch de stille hope dat Durk werom komt.
Buorfrou Geartsje, dy’t eartiids ferkearing hân hat mei Jan, hâldt Durk op ‘e hichte. Sadwaande lit Durk in makelder Hike har hûs keapje.
As Durk ûnferwachts thúskomt en skine lit dat er wol wer yn goedens wol, wurde hy en Hike it wer iens.

Sa troud, sa frijfeint

Rudmer Wiersma seit tsjin syn frou dat de saken finansjeel min geane en se net fakânsje hâlde kinne. Dat is foar frou Minke oanlieding om pensjongasten te nimmen om sadwaande fakânsjejild binnen te krijen.
Jorrit Hettinga, in freon fan de Wiersma’s, hat ûnderweis nei harren ta in liftster meinommen en dy wysmakke dat hy fabrikant Wiersma is. Dy liftster is fansels ien fan de pensjongasten. As Jorrit har dêr oankommen sjocht, besiket er it uterste om Rudmer en Minke mei te krijen om him foar Rudmer trochgean te litten.
Hy rêdt it op, mar dan komme de problemen. Wêr moat Jorrit sliepe en hoe moat Rudmer him hâlde en drage foar de gasten oer?
In blijspul mei persoansferwikselingen en misferstannen, dêr’t Rudmer syn broer Tsjerk, tsjinstfaam Boukje en pensjongaste Nynke ek net swak yn byspylje.