Ferline tiid

Yn harren hûs tichtby see, fier fan it drokke Londen, wachtsje Kate en har man David op Anna, in freondin fan Kate, dêr’t se sa’n tweintich jier ferlyn in flat mei dielde yn Londen.
Anna, dy’t op Sicilie wennet, komt op besite om wer oer de dierbere freonskip te praten en om mei de man fan Kate yn ’e kunde te kommen.
It weromsjen fan de beide froulju hellet oantinkens op út it ferline. Mar der is gjin sprake fan in ûnskuldige konversaasje – ûnder de wurden en it gedrach sitte spanningen ferskûle, ûnrêst, ûnwissichheden en in ferlet om jin jilde te litten. Wat Anna en Kate foar elkoar betsjut hawwe en miskien noch betsjutte kinne én de relaasje tusken Kate en David – dit alles jout Anna en David it gefoel dat se elkoar om in plak yn it libben en yn it hert fan Kate bestride moatte.
De oantinkens dy’t ophelle wurde, binne gjin dielde, objektive bylden út in dield ferline. Elk hat syn eigen oantinkens, de ferbylding en de realiteit rinne trochelkoar, en dat binne dan wer de wapens dy’t brûkber binne yn de ûntstiene machtsstriid.

It jierdeifeest

Yn in âld pension soargje Pete en Meg as in heit en mem foar harren iennige gast, Stanley. Hy wennet hjir al wit hoe lang. Foaral Meg ferpopket de jongkeardel, dy’t dochs tige lilk tsjin har dwaan kin, mar dy’t oan de oare kant graach har oandacht wol. It is net rjocht dúdlik werom Stanley dêr ferbliuwt. Hy swetst oer in toernee as pianist, mar dy ferhalen krije fuort in eangstige draai. Meg wol graag syn jierdei fiere, mar der wol Stanley net folle fan witte.
As Pete seit dat der twa nije gasten komme is Stanley alhiel oeremis. De hearen like Stanley te kennen, mar Stanley wol fan neat witte. Tsjinoer Meg dogge se tige freonlik, mar as se mei Stanley allinnich binne skelle se him sa út mei de meast dwylsinniche beskuldigingen dat er as in wrak yn syn stoel efter bliuwt.
De hearen dogge ek mei mei ‘it jierdeifeest’, lyk as Meg en in buorfamke. Pete is hjir net by. Stanley krijt in buorterstrommeltsje en wurdt der ta twongen om ta te sjen hoe de hearen harren sawat fergripe oan de twa bliere froulju. Yn it tsjuster stoart Stanley him lykwols ek op de gastfrou, mar dat giet fansels te fier.
De oare moarn wurdt de brutsen Stanley troch de hearen ôffierd nei in soarte fan ynrjochting. Meg en Pete wolle dit net, mar hja fersette harren ek net.
‘Jierdeifeest’ is in absurd drama dat giet oer in jongeman dy’t eins it folwoeksen wurden net oan wol en leaver feilich by in heit en in mem fuort krûpe wol dy’t neat fan him easkje. Lykwols hat er wol fantasijen oer hoe warber hy is yn’e grutte minskenwrâld en tsjinoer de froulju. De twa geheimsinnige hearen ferbyldzje de bedriging dy’it op it ûnhâldbare libben fan Stanley ôf komt.

De stille besoarger

Yn in romte sûnder rúten sitte twa manlju te wachtsjen. De iene leit op bêd en besiket de krante te lêzen, wylst de oare ûnwennich hin en wer keutelt om’t er tee sette wol, mar him hieltiid oare tinzen yn’e kop sjitte. De man op bêd, Ben, fynt al dat freegjen tige ferfelend: syn maat Gus moat de kop derby hâlde, want se hawwe aanst ‘in put’ te dwaan. Stadichoan begrypt de taskôger dat we te krijen hawwe mei twa hiermoardners dy’t wachtsje op in nije opdracht. De krekte omstânnichheden wurden lykwols net dúdlik. Net foar de twa manlju, mar ek net foar de taskôger: wa is krekt dy Wilson (de man dy’t de opdrachten skynt te jaan)? Wa is it takomstich slachtoffer? Wer binne se eins? Wer binne se krekt bang foar? Dat lêste wurdt foar in part wol dúdlik: se hawwe eangst foar it ûnbekende.
Dy eangst wurdt noch grutter – en foar de taskôger ek hilarischer – as der fia in lytse frachtlift it iene nei it oare ûnmooglike fersyk om iten komt. De manlju tinke dat se oan dy fersyken foldwaan moatte, mar witte net hoe. Dan komt yn it lêst DE opdracht op in briefke. De twa kontrolearje harren revolvers. Gus wol noch efkes nei it hûske, mar in tel letter is hy it dy, ferdwaasd en sûnder revolver, troch de doar komt, dêr wêr’t Ben it slachtoffer ferwachtet…
In tige nijsgjirriche ‘klasiker’ út it moderne wrâldrepertoire.

De frijer

Sarah en Richard binne troud, mar hâlde der in ‘iepen relaasje’ op nei. Sarah har frijer is gauris ûnderwerp fan petear, en Richard jout fuortendaliks ta dat er geregeldwei by in ljidske syn kommen hat, as se him op ‘e man ôf freget. Mar beide binne se net jaloersk en boppedat achtsje se earlikens it earstnedige foar in sûne ferhâlding.
Op in middei – sa’t se ferwachte hier – komt Sarah har freon – Max – wer ris oan (te sizzen Richard, tige sportyf klaaid), mar diskear om har oan te sizzen dat er in ein oan harren ferhâlding meitsje wol. Sarah kin ’t suver net leauwe, mar Max giet fuort.
As Richard dy jûns thús komt, docht bliken dat hy ek ta it ynsjoch kommen is dat Sarah har dûbel libben oerjaan moat. Alhoewel….

Party mei stress

Yn earsten is dit stik foar toaniel skreaun en ek spile, mar fuort letter is it yn – troch de auteur – bewurke foarm brûkt foar in televyzje-útstjoering. By de oersetting is gebrûk makke fan beide ûnderdielen, sadat nije fynsten bewarre bleauwen en it stik dochs ek geskikt bleau foar toaniel.
Mar der binne wol aardich wat ’technyske’ helpmiddels noadich om de krekte sitewaasje en sfear op te roppen. Yn ‘e flat fan Gavin wurdt in feestje fierd en elkenien klammet him fêst oan it gewoane buorrelpraat, wylst der him bûten sokssawat as in militêre kûp ôfspilet… Yn ‘e fierte it lûd fan in helikopter, lûden fan ‘e strjitte. Minsken sitte en steane; in bar mei flessen en folle glêzen dêr’t elk him sels mei rêde kin.

Bedroch

Jerry en Robert binne freonen foar it libben, mar ek saaklik oan elkoar ferbûn. Sels it feit, dat Jerry jierrenlang mei Emma, Roberts frou, in ferhâlding hân hat en hjirfoar in flat oanhold, kin de bân tusken de twa mannen net ferbrekke.
It stik begjint twa jier neidat de ferhâlding ferbrutsen is.
Robert en Emma wolle skiede, omdat Robert ek al jierren mei oare froulju gedoente hat en sy in oare frijer út it literêre miljeu fan de mannen hat.
Emma wol noch ris mei Jerry oer it ferline prate.
De skiednis springt dan yn sênes werom yn de tiid.

Ien foar it ôfwennen

Der wurdt in man yn in net neier beskreaune wurkromte litten. Hy wurdt ûnderfrege troch de man dy’t dêr thús is, mar dy stelt lykwols hast gjin rjochtstreekse fragen. Hy hat it oer dingen dy’t nearne mei te krijen hawwe; hy hat it sa no en dan sa by de noas lâns oer ‘jo frou’, dy’t yn ‘e keamer derneist wêze soe, oer syn soantsje dy’t twa ferdjippings heger sitte soe, ensafh.
Underwilens skinkt de ûnderfreger himsels geregeld in whiskey yn ‘foar it ôfwennen.’ De man dy’t ûnderfrege wurdt swijt foar it grutste part. It fersyk om him te deadzjen docht de ûnderfreger ôf as in mislik meitsjende wanhoop.
Yn de folgjende, koartere sêne, is it de frou dy’t ûnderfrege wurdt. It is dúdlik dat hja te nei kommen is troch de ‘meiwurkers’ fan de ûnderfreger. Nei in noch koartere sêne mei de jonge, sjogge wy úteinlik wer syn heit. Dejinge dy’t ûnderfrege wurdt, seit dat hy frijlitten wurde sil en syn frou ‘oer in stikmannich wiken.’ Op de fraach hoe’t it mei de soan sit, anderet de ûnderfreger: ‘sit dêr no mar net oer yn. Dat wie mar in eigenwiis kloatsekje.’

Kommintaar:
Dizze koarte ienakter hat de sfear fan it ûnderfreegjen fan in finzene ûnder in diktatoriaal rezjym.
Pinter lit yn dit stik sels lykwols gjin martelings of geweld sjen, en likemin in hurd en doelfêst ûnderfreegjen (sa’t wy dat fan films kenne). Om’t net dúdlik is wêr’t de ûnderfreger krekt op út is, wurdt de taskôger lykwols namste sterker ferpleatst yn it ûndergean fan de finzene, dy’t net wit hoe’t it mei syn sibben is, ensafh. It giet Pinter net om ús lilkens oer dizze of jinge misstannen, mar om de neakene driging fielber te meitsjen.
Troch it folslein oerlevere wêzen rekket it slachtoffer yn in ‘nimmenslân’ (titel fan in soartgelikens stik fan Pinter), wêryn de taal net tsjinnet om te kommunisearjen, mar om immen geestlik murf te
meitsjen.

HB

Nacht

Nacht bestiet út in dialooch tusken in man en in frou. Se binnen troud en + 40 jier âld. It is jûn en hy wol mei syn frou op bêd. Hy besiket de goede sfear te skeppen troch it begjin fan harren leafde te beskriuwen. Sy hat lykwols hiele oare oantinkens. Se komme net tichter by mekoar.
KOMMINTAAR:
Hoe minsken wol mei mekoar prate, mar net by mekoar komme kinne. Prachtig oefenstikje om foaral it goede ritme en de sfear fan de tekst te ûndersykjen.

SP