Seis personaazjes om in skriuwer út

Yn in teater – omtrint 1920, mar it kin ek letter wêze – binne in ploech spilers en in regisseur oan it wurk. Se ha der net in soad nocht oan, want se fine it stik, fan de skriuwer Pirandello, net sa bêst as de Frânske stikken dy’t se wend binne. Dan komt in nuver groepke minsken troch de seal op it poadium ta. Se sizze dat se op syk binne nei in skriuwer dy’t harren drama ta in ein bringe kin. De spilers fine dit mar steurend en ek de regisseur wol der yn it earst neat fan witte, mar as de personaazjes – sa at se har sels neame – mear oer har sels fertelle, begjint hy it as in alternatyf te sjen foar it minne stik dêr’t se mei dwaande binne.
De heit fan dizze famylje fertelt oer syn frou dy’t hy ferlitten hat om’t er net mear mei har libje koe. De frou hat doe in ferhâlding krigen mei in oare man en hat trije bern út dizze relaasje. Ut begrutsjen en skuldgefoel hat de heit dizze nije húshûlding lange tiid yn’e gaten hâlden. Oant er op in goeie dei by in ‘madam’ in jong famke moetet, dy’t troch dizze madam Pace min of te mear twongen is om harsels te prostituearjen. Krekt op’e tiid ûntdekt de heit dat dit syn styfdochter is.
Wylst de regisseur en de spilers besykje om dizze en oare sênes nei te spyljen, komt it ta hieltyd heftigere konfrontaasjes tusken de heit en de styfdochter, dy’t it ferline hiel oars besjocht.
Yn de lêste sêne, as de regisseur besiket om it slot fan dit famyljedrama te rekonstruearjen, komt it ta in ûnferwachte ûntknoping.

Liolà

It ferhaal spilet him ôf op it plattelân fan Sisilië yn it begjin fan dizze ieu. Omke Simone is in rike, âlde boer. Syn earste frou hat him gjin bern neilitten. Oan wa moat er syn guod, dat er mei in soad muoite byinoar wrot hat, no neilitte? Hy is wer troud mei it earme weesfamke Mita, mar der wolle mar gjin bern komme. Mita is in klein, earber famke, mar har hert giet noch altyd út nei de freon
út har bernetiid, Liolà.
Liolà is in los wurkman, in fleurige pierewaaier dy’t graach ûnder de rokken fan de famkes sit. En dan ek berntsjes by de rûs makket. Net dat er him fuortwynt foar de gefolgen, mar as it der op oan komt wolle de fammen sa’n earme swankebast dochs leaver net as man. Dan nimt hy de lytskerts mar by him en syn mem yn’e hûs, want hy soe de popkes wol sparje wolle as fûgeltsjes yn in kouwe. En as se letter grut binne, meie se fuortfleane oer Gods ierde, like frij as hy.
It stik begjint yn’e tiid fan’e rispinge, by de pleats fan de nicht fan omke Simone, muoike Croce en har dochter Tuzza. Mem en dochter fine it tige spitisch dat it jild fan harren rike omke net yn’e famylje bliuwe kin. En dochter Tuzza hat noch in reden om oergeunstich te wêzen op Mita: hat dy ek noch net in fleurige minner? Alteast sa tinkt sy. Dus no hat Tuzza wat úthelle….
Mar yn in doarp bliuwt noait wat lang geheim. Elts tinkt der sines fan…