Yn in soarte fan ‘Cupido-himel’ is de jonge aspirant Cupido Ludwine foar de njoggende kear foar har diploma opgien. Har mentor Reinwolde makket oan de ‘Oppercupido’ dúdlik dat se fan goeie wil is, al is se dan ek in knoffelkont. Lang om let krijt se de opdracht om yn in net al te dreech gebiet, Fryslân, har leafdeswurk út te fieren. Se moat dêr by goed oppasse foar de gefaarlike ‘Erositen’, dy’t de minskewrâld yn ‘e greep hâlde fan destruktive lusten.
Yn de folgjende sêne sjogge we in útblust stel oan ‘e moarnsbrogge. Harke is in trage, yn himsels kearde WAO-er, dy’t him allinne noch mar fermeitsje kin mei it oppoetsen fan syn brommer. Syn frou Tryn ergeret har allegeduerigen oan him, mar sa slim noch net as de buorfrou, dy’t de slopjanus wol sjitte kin. Yn dizze kontreien lit Reinwolde har learlinge Ludwine los. De minsken kinne har net sjen, mar wol fiele. It manljusbern Harke is har doel. Eart sy lykwols ta aksje oergean kin, komt der in Erosyt oansetten, in stronteigenwiis
fintsje dy’t it mar min sinniget dat hy hjir oan it wurk moat. As hy op ferkenning út is, ûntdekt Ludwine syn pistoal en fjurret dêrmei by fersin op Geeske, dy’t akút in hitsige belangstelling krijt foar Harke. De Erosyt is razend en wol it misbrûken fan syn pistoal korrizjearje troch middel fan Harke. Troch ûnhandich manoeuvrearjen fan Ludwine is it úteinlik Trynke dy’t al like smoar wurdt op Harke as Geeske. Harke naait út foar safolle froulik geweld.
Dan fangt Ludwine by fersin Erox. Se wit net wat se der mei oan moat, alhielendal net as Erox begjint te bewearen dat it noch net sa min is wat de Erositen dogge. Aldergeloks komt Reinwolde Ludwine te help, mar net foar lang. Ludwine moat Erox beweitsje, wylst sy om help út is. As se even letter weromkomt mei fersterking hat Erox Ludwine witten te ferlieden ta in tút. Om’t se har ynlitten hat mei sa wat minderweardichs as in Erosyt, ferliest Ludwine har status fan Cupido en wurdt se, krektlyk as Erox, minske…
Harke sjocht Erox foar in helpferliener oan, him troch syn frou op it dak stjoerd. Mei in ferlechje wit er him kwyt te wurden, mar Erox jout him noch al in goede rie, oer hoe’t hy froulju oanpakke moat. By Tryn wurket dit spitigernôch net mear en no is Harke der hielendal mei oan. Troch tadwaan fan Ludwine komme Tryn en har man der achter dat se sa dochs net mear echt lokkich wêze kinne en dat se der sels foar soargje moatte dat der wer wat leafde èn hertstocht yn harren relaasje komt.
Gees wit by einsluten de Erosyt oan de heak te slaan en Ludwine, dy’t der foar kiest om in ‘ûnfolmakke’ mins te wêzen, giet tenei troch it libben as psychologe.
Kommintaar:
In kluchtige komeedzje fol aksje, dêr’t op orizjinele wize de tsjinstelling tusken leafde en lust yn foarmjûn wurdt. Yn dit sjenre is de ferminging fan de realistyske wrâld fan Harke en de beide froulju, mei de fantasy-wrâld fan de ûnierdske wêzens wol apart. Hoewol’t de ferwikkelingen kluchtich útwurke binne, makket it téma fan lust versus leafde dat it stik wol earne oer gíet.
HB