Opskuor yn de Oase

Agnes, Ineke, Klaas en Marco binne learlingen fan it Ateneum. Omdat der in les útfallen is, ha se in oerke frij en dy tiid bringe se troch yn ‘De Oase’, in ûntspanningsromte yn de skoalle. Marco sit swier yn ‘e problemen. Der stiet foar de middeis in repetysje Frânsk op it programma, dy ’t fan ynfloed is op it einrapport. Marco hat gjin tiid hân him ta te rieden op de repetysje en frezet dan ek foar in dikke ûnfoldwaande. Dat sil dan krekt ien te folle wêze om oer te gean nei de eksamenklasse. Agnes, Ineke en Klaas betinke in snoad plan om Marco oan in goed sifer te helpen. Dat draait út op in spannende ûndernimming mei hilaryske gefolgen.

IN barre tocht

It is winter, de alvestêdentocht stiet der oan te kommen. Fansels in hiel spektakel foar jong en âld, mar it komt de susters Leida en Jenny wol hiel goed út. Se ha nammentlik in pakje yn harren besit dat nei Dokkum ta moat. Dit moat sa ûnopfallend mooglik dien wurde en wêr kin dat better as by in drokke stimpelpost yn Dokkum?
De persoan dy’t it pakje bringe moat is Flip, de nije buorjonge fan Leida en Jenny. Flip hat in eachje op Jenny en lit him troch har oerhelje om it pakje fuort te bringen. Hy moat ek wer wat mei werom nimme foar Leida en Jenny. Fol spanning wachtsje de beide susters nei ôfrin fan de alvestêdentocht de thúskomst fan Flip ôf.
It wurdt letter en letter. Uteinlik kloppet der ien op’ e doar. Mar it is net Flip dy’t foar de doar stiet…

Friens of de Filippijnen

In ploechje minsken hat in reis nei de Filipijnen boekt by reisburo SNEL WEG. Se moetsje elkoar op in sammelplak yn Friens om mei de sjauffeur en de reisleidster yn ‘e kunde te kommen.
It is feest yn Friens en men soe sizze dat de fakânsjegongers ek in feurich sin hawwe. Mar dat jildt net foar allegear.
Dêr hast bygelyks Ingrid, dy ’t leafdesfertriet hat, of is der wat oars. Cilia, har mem, sit wakker oer har opstannige dochter yn.
Dan is der noch Marie, dy ’t swier hat mei har ynbylde kwaaltsjes, en Popke, dy ’t troch syn bazige frou op ‘e kop sitten wurdt.
Desiree mei har marmotsjes net meinimme yn de bus, dus wêr moat se dêr sa gau mei hinne.
As it selskip dan einliks sa fier is dat se fuort kinne, bart der wat slims.

Bliid dat ik dy sjoch

1. Wa past op’ e hinnen?
Der stiet ien fan de postkoadelotterij foar de doar mei blommen. De frou tinkt dat se in priis wûn ha, mar de man wit wol better.
2. Dokter Strauss yn’ e stress
In dokter hat it fleanende drok as frou Feitsma ynienen foar him stiet. Der komme hieltyd telefoantsjes en dan moat er frou Feitsma ek noch ûndersykje. As er wat ûntdekt, doart er it hast net te fertellen.
3. In lyk út ‘ e liken
In toanielploech komt byinoar op te repetearjen. De spilers ha allegearre harren eigen beslommeringen. Der komt ek noch in ûnferwachte gast.
4. Bliid dat ik dy sjoch
In man en in frou komme inoar nei 20 jier wer tsjin yn de wachtkeamer fan de toskedokter. Earst binne se bliid om inoar wer te sjen, mar dan moat der dochs noch wat útpraat wurde.

Mei alle geweld

It hingplak wurdt yn beslach naam troch jongelju mei de namme Dangerous Devils. Se drage allegearre in wyt petsje mei de inisjalen D.D. Mei harren machogedrach foarmje se in obstakel foar minsken en bern yn de omkriten. Foaral Geart gedraacht him as in diktator mei sadistyske ynfallen. It bankje wurdt faak brûkt troch in swerfster, Miss Duffy. Sy is faak it doel fan pesterijen foar de Dangerous Devils. Mar Miss Muffy reagearret der net op en troch dizze hâlding makket Geart him hieltyd lilker. Op in jûn ûntstiet der in wrakseling tusken Geart en Miss Muffy mei fatale gefolgen foar Miss Muffy.

In lyk foar ’t Anker

Foar it “Bliuw fan myn liifhûs” wurdt it lyk fan de ex-man fan ien fan de bewensters fûn. Fansels is sy de earste fertochte. Sy komt op in stuit ek thús mei in skerp mes. Mar dat hie se kocht omdat der in mes út de keuken miste. Yn it hûs wennet ék in bûtenlander, dy ’t neat seit “om’t sy gjin nederlands sprekt”. Sy bliuwt yn de buert fan in oare bewenster. De plysje dy’t de saak yn ûndersyk hat sjocht by tafal ien bleate foet fan de bûtenlânske “frou”. Sy blykt in man te wêzen en hat de ex-man fermoarde. Der spile in jildkwesje.

Medysk Sintrum Betterskip

Sil Meijer is oan de betterjende hân nei in blineterm-operaasje. Hy wol graach nei hûs, mar moat noch yn it sikehûs bliuwe oant de útslach fan de ûndersiken bekend is. Sil syn mem, Suze Meijer, besiket it har soan yn dy tiid sa noflik mooglik te meitsjen. Se komt faak op besyk en hat altyd in boekje mei kryptogrammen by har, puzzeljen is har grutte hobby.
Nanda Biervet, in ferpleechster mei net folle hert foar de pasjinten, bringt in nije pasjint dy’t slim ferwûne is, by Sil op de keamer. Dokter, Loes Donker, hat grutte problemen. Se wurdt der fan fertocht ferdôvjende middels út de medisynkast te stellen. Sil beslút Loes te helpen, mar rekket dertroch sels yn gefaar. En wat hat skjinmakster, Martine Waaksma, mei it gefal te meitsjen? Se strúnt oanhâldend op de keamer fan Sil en syn buorman om. Sil hat it sa drok mei de saak fan de ferdôvjende middels dat er hielendal gjin haast mear hat om nei hûs te gean. Of soe der in oare reden wêze?

WWW.Willem.NL

It is Sandra net dúdlik wêrom har freondinne Thecla har moai keamer yn in studinteflat ferruilet foar in âld krot yn in ûnhuere buert. Hat de freon, dy’t Thecla troch chatten kennen leard hat, der wat mei te meitsjen? Ek Aly, fertrout it spul net en komt om poalshichte te nimmen. Se weaget har derby yn ’t hoale fan de liuw…

It kompleks

De susters Hanna en Sophie wenje tegearre yn in appartemintenkompleks. Hanna, dy ’t studinte is, wurdt sjantearre, om’t se immen fermoarde hat. It docht bliken dat de sjanteur yn itselsde kompleks wennet. Om der achter te kommen wa ’t de dieder is, organisearje Hanna en Sophie in “homeparty”..