Albedil

Frou Happert, de arbeidster fan makelaarskantoar Weltens, fynt op in jûn in lyk op ien fan ‘e keamers. In manspersoan, dêr’t hja fan mient dat it har baas, mynhear Weltena, is. Hja is net al te bot fan ’t hynder (in echt folkstype mei in rap mûltsje en tige byderhant) en skillet de polysje. As dy komt, is it lyk nearne mear te finen, mar der binne wol bloedspoaren. Haadynspekteur Tiering hat al gau yn ‘e rekken dat alle personielsleden en ek de frou fan it slachtoffer, eins wol in motyf hiene om de man oan kant te helpen. Frou Happert, dy’t alles wit en alles sjocht, wat der op it kantoar bart, sil de polysje wol ris even helpe de moard op te lossen, mar se jaget de boel yn ‘e bulten en de haadynspekteur op ‘e kast…
Weltena blykt noch te libjen en dóchs is der immen fermoarde! Mar wa? Dan falt der noch in slachtoffer en no kriget frou Happert dochs byt.
Mei kostlike dialogen en libben toaniel rint it stik nei syn ein en de oplossing dy’t tige nijsgjirrich is. Bline ferearing, leafde, oergeunst en haat, fermongen mei irony en net te min humor, foarmje meielkoar dit geve stik.

Wikselwurk

In emansipatyske klucht. Mei Paul en Els Wassenaar, in wat âlder stel, giet it net goed. Syn wurk mislearret en ûnder har hannen wol it húshâlden net slagje. Se beslute dat se fan rol wikselje sille: sy de saak, hy it húshâlden.
Paul soarget prima foar it hûs, mar hy ferfeelt him sa. Hy is altyd alinne en syn frou is nea te berikken. Els set de saak wer op poaten. Se fynt in jildsjitter dy’t ien foarwaarde stelt: Els moat direkteur bliuwe. De situaasje tusken har en har man wurdt der net better op.
Dan komt harren dochter thús mei twa lytse bern. Paul moat ek noch foar dizze twa soargje en hy sjocht it net mear sitten. Oant de heit fan’e twa bern ek komt. Hy wurdt ek oan it húshâlden set, wylst syn frou mei har mem de saak runt.

Om te stellen sa leaf

David Warren, in jongfeint fan om en de by de tweintich jier, wennet mei in butler yn in lúks appartemint yn it djoere part fan Londen. Hy is ferloofd mei in famke út in rike famylje, mar is sels ôfhinkelik fan in rike omke.
Op in nacht betrapet er in ynbrekster, dy’t him wit oer te heljen har net oan te jaan by de plysje. De deis dêrop komt der in resersjeur om ynljochtingen, omdat der dy nacht op trije plakken yn’e flat ynbrutsen is en der gâns kostbere sieraden stellen binne. Dat stellen guod jout fansels de nedige problemen. De ynbrekster makket lykwols safolle yndruk op David, dat er mei twa fuotten yn ien hoas komt te sitten. Hy is ommers fersein oan in oar.
Dit probleem lost him hast fansels op, as de ferloofde de wiiste wei kiest en frij paad makket foar de oare.

Memme feestje

It is Rosa har jierdei en yn’t bywêzen fan buorfrou sit se te wachtsjen op har trije dochters. As earste ferskynt de middelste mei in kritende twaling. It sin stiet net te bêst by de jonge mem. Har man sit yn Afrika foar saken – dy saken hat se op in pypfol – en lit har mar mei dy beide hannebiners ompiele. De âldste dochter komt sûnder de bern, mar wol mei in koffer fol klean. Se wol skiede en hat om it ien en it oar te regeljen, de bern ûnderbrocht by kunde.
As lang om let de jongste dochter ferskynt en bliken docht dat dy mei har freon yn tsjok waar sit, binne de rapen gear. Konklúzje fan dizze froulju: manlju binne oerkommelingen!
By eintsjebeslút docht bliken dat alle kweade fertinkingen fan de susters op misferstannen berêste. De iene nei d’oare reizget hurd ôf om thús alles wer goed te meitsjen. Foar mem bliuwt der oars neat oer as har jierdei te fieren mei buorfrou.