Metamorfose

In troud pear fielt har tige thús op it plattelân, fier fan’t jachtige stedslibben en is op har wize tige lokkich. It wurdt oars as de nije buorfrou foar in kopke kofje lâns komt. Buorman is net sa wiis mei it foarstel dat de beide froulju in dei nei Amsterdam sille. Der geane roddels dat de nije buorfrou wat al te slei nei manlju is. Nei alderhanne tûkelteammen geane de beide froulju dochs nei Amsterdam, en ha in prachtige dei; buorman besaut him as er sjocht hoe’t syn frou werom komt.

Mei de vut yn ‘e put

Freark Damstra en Gjalt Feenstra binne noch net sa lang ‘Vutters”, harren froulju Sjoukje en Sytske moatte der noch bot oan wenne. Foaral Sjoukje – Freark syn frou – hat it gefoel dat se in stik fan har frijheid kwyt is en hjir komt by dat Freark mient dat se no alles tegearre dwaan moatte; Sjoukje komt net mear oan harsels ta. Ek al besiket dochter Atsje om mem mei goede advizen te helpen, it lost neat op. As buorfrou Sytske op in moarn efkes oanrint, nimme de froulju de problemen nochris goed troch en se nimme der dan ek mar in slokje by. Dat rint wat út ‘e hân: Sytske krijt wat tefolle en begjint der wat frjemd yn om te praten. In pear dagen letter komt Sytske har Gjalt jûns by Sjoukje op besite. It wurdt mar tige gesellich en op in stuit komt Gjalt mei it foarstel om de jûn ôf te sluten op ‘e sliepkeamer. Sjoukje skrikt en rekket alhierl fan ’t sintrum; se skopt Gjalt de doar út…
Dan komme de oare trije wer op en blykt alles trochstutsen kaart te wêzen. As Sjoukje wer wat ta harsels kaam is sjocht se it wer hieldal sitten mei har Freark.
It gegeven fan de Vutter dy’t syn oare helte de hiele dei ‘claimt’ is yn dizze ienakter aardich útwurke.