In gast op ‘e pleats
In wiete rite yn in tiid dat it spul driuwend fan it lân moat, is foar in boer net noflik en as op in stuit dan ek noch de man fan de ‘combine’ siik rekket, kin men jin yntinke dat de boer net al te bêst te brûken is. Sa giet it ek Freark de Jong yn dit stik. Hy is syn ried te’n ein en syn frou, dy’t oan him dochs al te koart kaam de lêste tiid, hat it slim te ferduorjen. Mar as in Godswonder bringt in Spaanske ‘gastarbeider’ rêding op it stuit dat de need op ’t heechst is. De man hat boppedat as minske wat oer him dat makket dat de brinne sa goed as de faam him lette en sette; en dat giet de boer op ’t lêst oer de hege skuon. It draait út op fertochtmeitsjen, fral om ’t er sa efterhâldend is, de frjemdling, mei syn famylje-omstannichheden dêr jinsen. En as de boer op in stuit yn ‘e wenkeamer Tanje, de brinne, mei Antonio dûnsjen sjucht, driget de bom te barsten.
Mar Danjel, de boer syn broer, wit him de eagen iepen te meitsjen foar syn eigen tekoartkommen foar Tanja oer en as bliken docht dat de ‘gast’ neat minder is as in direkteurssoan fan in grut masinefabryk en der op útstjoerd is om rûnom tusken it ‘gewoane folk’ te stean, dan wit de boer mei syn wurdearring kwalik ried. En dat net allinne; hy sjucht yn dat troch syn eigen tadwaan Tanja drige ta te jaan oan in opkomende leafde foar in ‘frjemd’.