Smoar Teplak
De haadpersoan Herman de Hunter, de namme seit it al, mei graach jeie. Net op hazzen en einen mar op safolle mooglik bier en kreaze froulju. Syn skarrel, Aletta, sels net in hier better, hat op in stuit skjin har nocht fan Herman syn gefluim en makket in drastysk ein oan it rinnende hormoan Herman….
Dan komt Herman by de himelpoarte en blykt hy net samar by God de himel yn te meien. Herman baalt hjir bot fan want hy wol dochs wol hiel graach nei de himel, dy’t yn dit stik bestiet út allegea geselliche kroegen mei potinsjele bierkes en frommiskes foar Herman.
Omdat der ek krekt in Kupido op ierde op ûndúdlike wize ombrocht is, hat God ferlet fan in nije Kupido. Hy sjocht it sjitten fan leafdespylken as in poergeskikte taak foar Herman dy’t him ommers, doe ’t er noch libbe, ek altyd wol aardich r6ede koe mei syn iene pylkje. God seit Herman ta dat as Herman syn taak as Kupido goed folbringt., hy nei de himel mei.
Dêrnei giet Herman as Kupido nei de ierde en besiket hy syn taak ta in goed ein te bringen. Mar Herman wurdt kontinu behindere troch syn ynstinktyve drang nei froulju en bier, syn geweldige ûnnoazelens en úteinlik ek troch emoasjes dy’t hy libjend noch net by himsels ûntdutsen hie.
As Herman dan tinke mocht dat dat alles is, dan hat er dat mis. Yn it neiste fermidden fan God is er dan ek noch in persoan, mei soms in jurk en soms de broek oan, dy’t Herman sels wol sjitte kin……