Pake Sytse’s libbenstier

Sytse Troast moat ferhúzje nei in soarchsintrum ta. Syn bern Loltsje-, Evert-, en Edou helpe him te ferhúzjen. Foar Sytse is dit in hiele stap en it leechheljen fan syn hûske jout in soad argewaasje. Sytse komt terjochte yn soarchsintrum “Skoatterhiem”, dêr hat de lestige juffer Braaksma it heft yn hannen. Gelokkich meitsje de susters Betsje en Lyske it him sa folle mooglik nei’t sin, ek de technyske man Murk is in stipe foar him. Dat is nedich, want Braaksma hat him ferbean it neaken skilderij “ Madonna “ op te hingjen yn de keamer fan Sytse. It skilderij, dêr’t de glûprige Adelbert de skoansoan fan Sytse in eachje op hat is samar wei wurden.. Letter docht bliken dat it skilderij in soad jild wurdich is. Foaral Braaksma is op’t ein as it skilderij net boppe wetter komt. Sytse set Braaksma foar’t blok en driget har mei de polysje as sy net soarget dat it skilderij wer op’e lappen komt. Is juffer Braaksma wol sa betrouber?? as in reade trie soarget Betsje foar ekstra spanning mei syn hûntsje Beike.

In gekkehûs yn it sikehûs

It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak – fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok dêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst – Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de OK, is – seker it earste bedriuw – gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alle trije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde…?

Gjin Piet mar pizza

Piet en Bep ha in saak dy’t de lêste tiid net sa goed mear rint. Se binne dan ek út’e skroeven as se hearre dat se de haadpriis yn in lotterij wûn ha: ƒ25.000,-! No hoege se it personiel (Kee en Lodewyk) net dien te jaan, en sille se de saak ferbouwe, der in échte pizzeria fan meitsje. Dan komt harren yn’t sin dat se de suster fan Bep, Riek, noch ƒ 25.000,- skuldich binne. Riek wennet yn Grikelên. Omdat se altyd sein hat dat se net werom komt salang Bep by Piet bliuwt meitsje se harren dêr gjin soargen oer. Fansels komt Riek no krekt werom. Se hat heard dat Bep Piet der útsetten hat. Mar se hat ek noch in oar doel, har sinten, want se sit oan’e grûn. Fan har freon George (Sjors) wurdt ferwachte dat dy de sjarmeur wat úthingje sil tsjin Bep. Bep lit Piet ferdwine en Pedro opdrave as sjefkok. Allegear mei ien doel: mekoar bedonderje om de sinten. As “George”en “Pedro” op in jûn tegearre wat te bot yn’t waar sjoen ha, komme se der achter dat gjinien earlik spul spilet. Mei help fan Lodewyk, de tsjinstfaam en dochter Gina en freondinne wurdt der in plan opsteld om Riek en “George” te sjantearjen sadat Bep en Piet net hoege te beteljen.