Gjin jûn itselde

Paul en Sonja hawwe Norbert en Inez útnoege om by harren te iten. De mannen binne astrofysisy en wurkje oan itselde wittenskiplike institut. Foar Paul hinget der in protte fan ôf hoe as dizze jûn ferrinne sil. Hy hopet, dat syn kollega him helpe kin mei in promoasje, mar… dan stean de gasten ynienen in jûn te betiid op ‘e stoepe. En wat no.., no t der allinne mar wat droege koekjes en in stikje tsiis yn ‘e hûs is? Dat harren jonkje mar net sliepe wol en oars net docht as seure om wat te iten, makket it der net folle better op. Dizze jûn wurdt 3x spile, hieltiid fan út in oar perspektyf mar toch mei deselde yngrediïnten.

Keunst

Serge, Marc en Yvan binne al fyftsjin jier mei-inoar befreone. It wurk hat de mannen aardich yn ‘e macht, alhoewol’t der ek inkele froulju binne… mar wurkje is dreech en froulju binne senuwslopend. Foar dizze mannen is de freonskip dan ek it iennichste ljochtpunt, it paradys op ierde.
De lêste tiid slagget dat trouwens wat minder: Yvan wurdt hieltyd lytsboargeliker, Marc rekket mear en mear ferbittere, Serge docht al hielendal frjemd, hy docht wakker trendy en is der noch gruts op ek. Op in goede dei keapet er in waansinnich djoer skilderij dat folslein wyt is. In wyt doek, mar ast de eagen in bytsje tichtknypst sjochst fine wite streekjes… koartsein: ‘keunst’. Mar dy keunst set de freonskip tusken de trije freonen flink ûnder druk.
As in jierrenlange freonskip basearre is op ôfspraken fan wjerskanten, wat gebeurd der dan as immen wat kompleet oars en ûnferwachts docht?
Bisto wa’st sels tinkst dyst bist, of bisto wa’t dyn freonen tinke datsto bist?
That’s the question.