Try-out

It toanieltsje fan in doarpshûs stelt in sliepkeamer foar. Amateurspilers binne noch drok dwaande mei de tariedings as de foarsitter syn praatsje hâlde wol. Dan giet it gerdien op en sjogge wy in sliepkeamer. De man fan de omballings sjout noch mei in toiletpot om, dat hielendal klear is de saak noch net. De spilers hawwe it der efkes letter tige dreech mei om it publyk op in frijsêne te traktearen. Grappige diskusjes oer wat toanielspyljen no eins wêze moatte soe wurde ôfwiksele mei oandwaanlik gewraksel.
In tige aardich skreane parody op it hâlden en dragen fan in amateurtoanielploech.
It stik is útjûn troch de Koperative Utjowerij yn Boalsert as ‘Ljochtmoanneboekje’.

Elkenientsje

Elkenientsje is stripster, se kriget in brief fan in man dêr’t yn stiet dat se gau stjerre sil. Se sil siik en net wer better wurde. Dy jûns moat se optrede, mar dêr hat se gjin nocht oan. Se bellet mei har suster dat se har net goed fielt. Har suster riedt har oan om nei de dokter te gean en dat docht se. Earst liket der neat oan de hân te wêzen mar by in optreden sakket se yninoar. Se is siik, se wurdt thús fersoarge troch in ferpleechster. It giet hieltyd minder mei har en har freonen sykje har ek net mear op. Dat it minder mei har giet wurdt bygelyks útbylde troch in krêftpatser dy’t syn gewichten net mear optille kin. Oan it ein kin hy net mear sjen en efkes letter ek net mear hearre. Oan de ein fan it stik wurdt útlein dat wat Elkenientsje oerkomt, dat se stjert, ús allegear oerkomme sil. Dêrom hjit se ek Elkenien-tsje hjit.

De tarieding

Troud stel fan midden fjirtich sit te wachtsjen op besite. Hy hellet de biezem oer it terras. Sy is mei de stuollen oan’e gong. Se krije wurden as de frou seit dat hy tefolle sûpt. Hy mei ek noch net oan’e kofje salang’t de oaren der noch net binne. Sa hingje se inoar oan ien tried wei oer ditsjes en datsjes yn’e bek. Sy tinkt foaral oan wat ‘se’ wol net sizze of tinke sille. Hy is in âld seur yn’e ferdigening.
Tige komysk, mar ek trystich byld fan in nearzich pear.

NB ‘Flying Fish’ wie in projekt fan Praktikabel: fjouwer skriuwers skreaune in mini-ienakter mei as útgongspunt in (ferskillend) part fan ienselde foto. De stikjes binne lykwols hiel goed op harsels te spyljen.

De skriuwer foar it doarpsbelang

Gerben Turkstra, in jonge boekhâlder, hat him troch de foarsitter fan it Doarpsbelang oerhelje litten ien fan syn ferhalen op ‘e gearkomste foar te lêzen. Hy freget de oanwêzigen him harren krityk net te sparjen.
As er in stikje lêzen hat en it hear ris oersjocht, spat ien fan ‘e oanwêzigen oerein en protestearret, om’t er mient, dat er in stek ûnder wetter krige hat fan ‘e skriuwer. Dat is foar de oaren de oanlieding om mei in fûle diskusje útein te setten, dêr’t efterinoar beswier makke wurdt tsjin likernôch alles dat Turkstra skreaun hat.
Om’t de foarsitter him oertsjûgje lit fan de krektens fan elk fan de nei foaren brochte beswieren, is de skriuwer sa goed net of skras passaazje nei passaazje. Fan it hiele ferhaal bliuwt oars neat oer as: ‘ik de buorren út’.

Twa oeren spraekklanken

Sneintemiddei by de famylje Strúksma. Heit sit oan ‘e tafel. Twa fan syn dochters mei harren feinten yn ‘e sithoeke. De mem rint hinne en wer tusken de keamer en de keuken. Der is in jierdei-achtich feestje om’t de jongste dochter har ferloofd hat. Der binne in soad petearen trochinoar dy’t net folle om it liif hawwe. De manlju prate oer in nije auto; de froulju oer klean. As der noch mear besite komt nimt it ‘spraaklûd’ allinnich mar ta. Nei de tee komt de drank. Der wurdt in soad praat, mar net folle sein.
KOMMINTAAR:
It stikje jout in prachtich byld fan in klisjee-mjittige sneintemiddeisbesite; der wurdt, neffens de itige rolpatroanen, in bulte kletst, mar neat sein. Dúdlike karakters. Benammen it ‘krusen’ fan de petearen is knap skreaun.
As dit stikje spile wurdt, liket it my foaral fan belang om de sfear fan it neatsizzende gejeuzel en tagelyk by mekoar lâns praten fêst
te hâlden en net sasear de letterlike tekst. De tekst kin as útgongspunt tsjinje foar fierdere ymprovisaasjes.

HB